Sikehûs MCL: finansjeel sûn, mar wol in swier jier efter de rêch

Finansjeel hat it Ljouwerter sikehûs MCL in goed jier efter de rêch, mar troch personielskrapte wie 2021 dochs in hiel swier jier.
Sikehûs MCL yn Ljouwert © Kappers Media
Dat skriuwt it sikehûs yn it jierferslach. Ferline jier waard ôfsletten mei in posityf resultaat fan 10,8 miljoen euro. Dat komt wol foar in part troch in kompensaasjeregeling fan it Ryk. Dy regeling hâldt op en dus draait it sikehûs no sels op foar misrûne ynkomsten.

Personielskrapte op akute ôfdielingen

Op de wurkflier wie it in swier jier. Dat hat ferskate oarsaken: it coronafirus, in heech syktefersom en in krappe arbeidsmerk. Benammen op akute ôfdielingen, lykas de intensive care, hertbewaking en de spoedeaskjende help, wienen der problemen.
Koade swart koe yn 2021 mar krekt foarkaam wurde, mei tank oan ferskate ôfdielingen dy't in bydrage levere ha oan de covidsoarch. "Daardoor kon tot bijna het maximum worden opgeschaald."
De intensive care yn it MCL © Omrop Fryslân
Foar it gefal der oait wol koade swart komt, hat it sikehûs in wurkgroep dy't him dwaande hâldt mei emosjonele stipe. Dy wurkgroep is útwreide mei spesjalisten en ferpleechkundigen, sadat meiwurkers goed begelaat wurde.

Soad frege fan meiwurkers

"De coronacrisis heeft ook het afgelopen jaar weer veel van onze medewerkers gevraagd", seit bestjoersfoarsitter Patrick Vink.
"Niet alleen extra werkdruk, maar óók de onzekerheid vanwege het virus die daar elke dag bij kwam kijken. Een hoog ziekteverzuim en een krappe arbeidsmarkt, maar toch hielden de MCL'ers de zorg draaiende. Daar spreek ik mijn grote waardering voor uit."

Minsken opliede

De personielsproblemen binne noch net foarby. Der binne net genôch nije minsken om de útstream op te fangen. "Dat betekent dat we meer moeten opleiden", stiet yn it jierferslach.
Troch de kapasiteitsproblemen koe it sikehûs nei de simmer fan 2021 de reguliere soarch net mear opstarte en ek net samar de soarchôfspraken ynhelje dy't earder ôfsein waard.

Nijbou en gearwurking

It sikehûs sjocht ek foarút. Ein 2018 hat it sikehûs in programma opset om finansjeel sûn te wurden. Dat giet goed en dêrom is der no romte om jild yn nijbou te stekken. Dat moat de soarch takomstbestindich meitsje. Oant 2030 stiet der in grutskalich nijbouprogramma pland, besteand út 150 ferskate projekten.
Gearwurking is neffens it MCL ek wichtich om de soarch betelber, tagonklik, berikber en kwalitatyf te hâlden. "Voor MCL zijn daarin Tjongerschans en Noorderbreedte logische partners, omdat zij al met MCL in het concern ZPF zitten."
It MCL wol ek graach mei oare sikehuzen en soarchynstellingen gearwurkje.