Alvestêdetriatleet Van der Pal brekt nei 55 oeren swimmen

Triatleet Stefan van der Pal hat syn swimtraining fan hast 60 oeren derop sitten. De training is ûnderdiel fan syn tarieding op de Alvestêdetriatlon.
Van der Pal wie emosjoneel doe't er út it bad stapte:
Kommende simmer wol Van der Pal dy ûnminsklike útdaging oangean: earst 200 kilometer swimme, dan fytse en as lêste itselde rûntsje nochris dravend ôflizze.
Foar it swimûnderdiel trainde er de ôfrûne trije dagen yn it swimbad fan Stiens. Dêr swom er trije dagen achterinoar. Elke dei bestie út tweintich oeren swimmen en fjouwer oeren rêst.
Van der Pal hie in team fan begelieders en syn frou om him hinne, dy holpen by de swiere training. Dat koe er goed brûke, want de lêste oerkes hie de Ljouwerter triatleet it swier.
"Ik heb last van de bovenste luchtwegen. Die beperken me, alsof je strot wordt dichtgeknepen. In het water is het een hele uitdaging om met de helft zuurstof proberen te zwemmen. Ik moet af en toe even aan de kant hangen om te hoesten."
Ik vraag me dan wel eens af: wat doe ik hier nog?
Stefan van der Pal hie it sa no en dan dreech
Mentaal hie Van der Pal it ek geregeld dreech. Hielendal at er it foar de safolste kear benaud krige.
"Ik vraag me dan wel eens af: wat doe ik hier nog?", seit er sichtber oandien. "Het is afzien, maar een goeie begeleiding om me heen, die me proberen te motiveren: dat werkt wel."

Earder opholden

Uteinlik is er nei 55 fan de 60 oeren training ophâlden, omdat it hoastjen te slim waard. Dochs fynt syn team it in slagge training.
Ferslachjouwer Ronnie Porte wie by de lêste oerkes