Motorrider (35) en automobilist (33) swierferwûne by Hoarnstersweach

In motorrider en in automobilist binne moandeitemiddei swierferwûne rekke by in swier ûngelok op de N380 by Hoarnstersweach.
© Noordernieuws
De motor en auto kamen om sawat ien oere middeis mei-inoar yn botsing. De motorrider bedarre dêrop yn in tún. De autobestjoerder kaam sa fêst te sitten dat it dak fan de auto losknipt wurde moast om de persoan derúthelje te kinnen. De motor fleach yn 'e brân. It fjoer is útmakke troch in omstanner.
De brânwacht wie mei twa korpsen op it plak fan it ûngelok oanwêzich. Meardere sike-auto's wiene ek oproppen, plus in traumahelikopter.

UMCG

De motorrider, in 35-jierrige man sûnder fêst wen- of ferbliuwplak, is earst behannele troch ambulânsepersoniel en dêrnei yn sân hasten nei Donkerbroek riden. Dêr stie de traumahelikopter. Nei oerlis mei it helypersoniel waard de motorrider oerbrocht nei it UMCG yn Grins. De autobestjoerder, in 33-jierrige man út Stadskanaal, is ek oerbrocht nei in sikehûs.
Hoe't it ûngelok barre koe, is noch net bekend. De dyk hat in skoftlang ôfsluten west fanwege ûndersyk.