Fiering ein fan ramadan ekstreem drok: minsken steane sels bûten de moskee

De ramadan is foarby. Moandei is it de dei dat moslims de ein fan de fêstperioade fiere. En dat neame se dan net it Sûkerfeest, mar Eid al-Fitr. Want it draait net allinnich mar om swietichheden.
Slimane Elhilmi © Eigen foto
"Fansels, minsken winskje elkoar wol in segene Sûkerfeest", seit Slimane Elhilmi. Hy is foarsitter fan de Marokkaanske mienskip op It Hearrenfean. "Mar dat wurd leit sa bot de fokus op it sûker en it feest. Wylst we Eid al-Fitr fiere, de ein fan it fêsten."
Dêr heart wol swiet iten by, dat ûntkent Elhilmi net. "Mar it giet om it fieren fan de ein fan de ramadan mei de mienskip. Dat dogge we mei gebed, tee, kofje. En dan nei hûs ta om it mei freonen en famylje te fieren."
De swietichheden © Eigen foto
Dat giet sa op It Hearrenfean, mar yn de hiele wrâld sjocht it der praktysk itselde út, fertelt Elhilmi. "It bidden, in preek oer de ramadan, oer hoe't minsken har gedrage moatte. Dat komt elk jier werom en dat gebeurt oeral."

Superdrok

Dat bidden wie moandeitemoarn. Op It Hearrenfean dogge se dat yn de El Fath-moskee. Mar net allinnich yn de moskee, ek dêrbûten. "Sa drok wie it! It wie in hiel heuchlik feit dat we it nei twa lange coronajierren wer sa fiere koenen. Moai dat we mei ús allen wer bidde koenen."
Der binne miskien ek wol mear moslims yn Fryslân, fermoedet Elhilmi. "Der komme fansels in protte minsken nei Nederlân ta as flechtling. En ek nei Fryslân. Yn dit moaie lân ferwolkomje we de minsken mei iepen earms. Dat mei hjir gelokkich."
We binne allegear moslims: we bidde itselde en we harkje op deselde wize nei de preek.
Slimane Elhilmi oer moslims út allegear ferskate lannen
Hy omskriuwt de Feanster moskee as in 'multy-kulty-moskee'. "By de Marokkaanske mienskip is der sprake fan fergrizing, mar der komme wol hieltyd mear minsken út oare lannen. Syryske broeders, Iraakske broeders, Somalyske broeders. We binne allegear moslims: we bidde itselde en we harkje op deselde wize nei de preek."

Stilstean by minsken dy't it minder ha

Yn dy preek giet it oer de situaasje op de wrâld. "De situaasje yn Oekraïne en Ruslân, de situaasje yn Palestina en Israël. Dêrby giet it net om moslim-wêzen of net. En we steane ek stil by de earme minsken, dy't it net sa breed ha as ús."
De moanne fan it fêsten sit der dus wer op foar Elhilmi en syn broeders. "Ik hear wolris minsken sizzen dat se respekt ha foar ús. Guon dy't tinke dat it swier is. Mar do hast gjin honger en ek gjin toast. Dyn lichem past him oan. En do moatst soargje datst genôch enerzjy ta dy nimst foardat de sinne opkomt."

As trije feesten op ien dei

No is it tiid om lekker te iten en te drinken. "Koeken, cakes, taart. Fierder krije de bern nije klean. Ik sis wolris: it liket wol op Sint-Marten, de krystdagen en Sinteklaas allegear op ien dei."