Eise Eisinga en Anna Maria van Schurman fan skiednisboeken nei gamewrâld

It Keninklik Eise Eisinga Planetarium en Museum Martena bondelje de krêften om bern te entûsjasmearjen foar de museums en de skiednis fan de stêd. Dêr hawwe se wat bysûnders foar betocht.
In digitale escape room, wêryn't se ferskate personaazjes út de histoarje fan de stêd tsjinkomme. It spultsje is bedoeld foar bern tusken de njoggen en tolve jier.
Bern moetsje yn it spul ûnder oare Eise Eisinga, Anna Maria van Schurman en professor Van Swinden en sille mei harren help op syk nei de goede antwurden. As it spul binnen de goede tiid oplost wurdt, leit der in beleanning klear foar de dielnimmer: in fergees kaartsje foar de twa museums.

Bern miskien better yn it spultsje

Maklik is dat lykwols net, seit Manon Borst, direkteur fan Museum Martena. "Ik heb natuurlijk zelf ook al een beetje zitten gamen. Ik vond het best ingewikkeld. Nou moet ik zeggen dat ik geen geoefend gamer ben. Dus misschien doen de kinderen het veel sneller en slimmer dan ik", seit Borst.
De museums hiene in bydrage ûntfongen troch dielname oan de Museumpitch, dy't mooglik makke waard troch de Nederlandse Organisatie voor Wetenschappelijk Onderzoek (NWO). Mei de takenning koe it projekt realisearre wurde.

NEXT

It spul (fia dizze link te berikken) wurdt moandei lansearre yn oanrin nei Expeditie NEXT, it nasjonale wittenskipsfestival foar bern organisearre troch de Nationale Wetenschapsagenda (NWA).
Op freed 6 maaie kinne bern en harren âlden of begelieders yn 'e kunde komme mei de wearde fan wittenskip. It sintrum fan Frjentsjer wurdt in festivalterrein foar de wittenskip.
Ferslachjouwer Lars de Leeuw prate mei direkteur Manon Borst