Limboarger (46) swierferwûne by ûngelok op A32, dyk tydlik ticht

By in ûngelok op de A32 by Aldeholtwâlde is sneontejûn in 46-jierrige man út de Limboarchske gemeente Roerdalen swier ferwûne rekke.
© Noordernieuws
By it ûngelok wiene in auto en in frachtwein belutsen. De bestjoerder fan de auto rekke swierferwûne. Helptsjinsten kamen manmachtich op it ûngelok ôf en de A32 wie tydlik ôfsletten foar ferkear.
Yn de file dy't ûntstie op 'e dyk botsten twa auto's op elkoar. Dêrby rekke net ien ferwûne, mar beide auto's moasten fuortsleept wurde.