Van der Pal traint foar de útdaging fan syn libben: de Alvestêdetriatlon

Trije dagen efterinoar swimme: 20 oeren en dan fjouwer oeren rêst. Dat is it skema fan triatleet Stefan van der Pal. Hy wol sa syn grinzen opnij ferlizze. Van der Pal swimt syn baantsjes yn it swimbad fan Stiens.
Van der Pal yn training:
Dizze simmer dûkt hy it wetter yn. Dan wol Van der Pal oan syn triatlon begjinne. Earst 200 kilometer swimme, dan fytse en as lêste itselde rûntsje nochris dravend ôflizze.
It giet goed mei de tarieding. "Het ritme is goed, ik voel mij lekker ontspannen. Je moet het nu simpel houden", seit Van der Pal by in koarte drinkpauze. "Het is pittig, zo lang. Maar deze zomer moet dat ook gebeuren. Alleen dan niet drie dagen 20 uur maar zes dagen lang of iets korter."
Van der Pal oan it trainen © Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
By it begeliedingsteam sjogge se ek dat it hieltyd better giet. De training fan no is in wichtige, seit begelieder Jort van Zutphen: "We sjogge no nei wat syn lichem docht mei in nacht derby. Dat is in hiel soad. Dat lichem moat op oare enerzjy wurkje. Ek mentaal, want de earste 20 oeren binne maklik, dan moatte je allinnich wer en dan noch wer." It team besiket de stikjes fan de puzel no goed foar eagen te krijen.
In oar aspekt dat derby meispilet, binne ferwûnings dy't Van der Pal oprinne kin. "It lichem nimt in soad wetter op en de hûd wurdt der net sterker op. Dat kin skuorplakken jaan en dan moatte je noch fytse en drave." Der wurdt no sjoen oft dat mei oare klean oplost wurde kin. Van Zutphen: "Of dat we ûnderweis by it fytsen en draven faker nije, drûge klean jouwe."

It fertrouwen is grut

It team hat in soad fertrouwen yn Van der Pal syn meunsterûndernimming. "Ik ken Stefan al hiel lang en wit wat er kin. Ik ha der seker fertrouwen yn", seit Van Zutphen. "It is no saak de kop der goed by te hâlden en te lústerjen nei hoe't hy him fielt en wat wy sjogge. Dan bouwe je oan noch mear fertrouwen."
Stefan van der Pal oan it trainen yn Stiens