Psycholooch oer ferhurding yn maatskippij: "Stamgevoel enorm afgenomen"

De maatskippij liket te ferhurdzjen, mar yn stee fan hurd te straffen, moat dieders in posityf perspektyf bean wurde. Dat fynt psycholooch Irma van Steijn út Ljouwert.
Irma van Steijn © Eigen foto
In ferklearring foar de ferhurding siket Van Steijn binnen de biologyske psychology. "Er is een hormoon oxytocine, ook wel het knuffelhormoon genoemd", leit se út. "Dat hormoon zorgt dat je je verbonden voelt met andere mensen, of dat je bij een groep mensen hoort, een stam."
Dat is neffens har ek te sjen by bygelyks fuotbalklups. "Hoe krachtiger het gevoel dat bijvoorbeeld bij een voetbalclub hoort, hoe sterker oxytocine aangemaakt wordt. Dat maakt ook dat je je stam beschermt, maar ook dat je vijandig wordt naar buitenstaanders."

Wêr hearst by?

En dêr komt de rol fan corona nei foaren. "Het stamgevoel is in de coronatijd enorm afgenomen. Dat zie je in groepen, op de werkvloer, waar hoor ik bij?"
Je krijgt nu minder wij tegen zij, maar meer ik tegen jij.
Irma van Steijn, psycholooch
It resultaat is dat elkenien hieltyd mear op himsels komt te stean, seit Van Steijn. "Je krijgt nu minder wij tegen zij, maar meer ik tegen jij. Het wordt individueler in de samenleving. Bovendien kun je je door negatieve gevoelens minder inleven in anderen. Je wordt er minder empathisch door."

Positive draai

Van Steijn tinkt dat it mooglik is om de ferhurding tsjin te gean. Oan de iene kant moat in hiel dúdlike grins steld wurde. It moat dúdlik wêze dat bepaald gedrach ûnder gjin betingst akseptearre is.
Oan de oare kant is it maklik om dieders hurd te feroardielen, mar dat wurket neffens de psycholooch just oarsom. "Wat er dan gebeurt is dat mensen helemaal gediskwalificeerd worden." Dêrmei wurdt it probleem net oplost. Se pleitet der dêrom ek foar om in straf te kombinearjen mei wat posityfs.
Irma van Steijn © Irma van Steijn
Yn it gefal fan geweld yn of om fuotbalstadions fynt Van Steijn in stadionferbod dan ek net effektyf. "Geef ze maar corvee, en wees er blij mee. Je moet ze niet alleen straffen, je moet ze erbij blijven betrekken."
Op dy manier soargje je der neffens har foar dat minsken harren stamgefoel net kwytreitsje, mar leare fan flaters en dy omsette kinne yn wat posityfs binnen in groep, in sportklup of yn de maatskippij.
Psycholooch Irma van Steijn