Hearrenfeanspiler Timo Zaal dreamt fan de derby: "Als Leeuwarder zou dat echt mooi zijn"

Hy is opgroeid yn Ljouwert, mei twa omkes dy't by Cambuur spile ha, mar mooglik krijt er spylminuten tsjin SC Cambuur. It giet om de 18-jierrige Timo Zaal.
"Bijna elke Leeuwarder zou wel willen spelen":
"Dat zou echt een fantastische ervaring zijn. Als Leeuwarder zou dat echt mooi zijn om mee te mogen maken. Ik hoop dat het lukt."
It mei dúdlik wêze dat Timo Zaal hopet dat er wat minuten krije kin kommende snein yn de Fryske derby tsjin SC Cambuur.

Omkes fuotballen by Cambuur

Zaal is krekt 18 jier wurden en wennet noch altyd yn Ljouwert. Hy wennet yn de wyk Westeinde, fuotballe froeger by LAC Frisia, mar gong al gau nei de jeugdoplieiding fan sc Hearrenfean. Doe in frije logyske kar, omdat de jeugdoplieding fan Cambuur noch net hiel folle foarstelde.
Syn beide omkes, Pieter en Arnold Herder, ha beiden by Cambuur spile. Arnold Herder spile sels noch alve wedstriden yn it earste fan Cambuur.
Je kunt me wel echt een Leeuwarder noemen ja.
Timo Zaal
"Ik woon in Leeuwarden en ben er opgegroeid. Mijn hele familie woont er. Je kunt me wel echt een Leeuwarder noemen ja. We zijn wel een beetje opgegroeid met Cambuur. Nu deels door mij ook een stukje Heerenveen. We plagen elkaar er wel mee natuurlijk. Dat is wel leuk in de familie."
Timo Zaal kin op ferskate posysjes spylje, mar it leafst op it middenfjild:
Oant syn debút yn it earste alvetal fan Hearrenfean spile Zaal yn oefenwedstriden hieltyd as sintrale ferdediger. Tsjin FC Grins mocht er ien minút meidwaan en tsjin AZ wiene dat alve minuten. Hy foel doe yn as ferdedigende middenfjilder.
"Ik zelf vind het op middenveld wat fijner. Daar komen mijn kwaliteiten wat meer naar voren."

Ambysjes mei Nederlânske teams

Zaal spile oant no ta foar it Nederlânske team ûnder de 15, 16 en 18. By it Nederlânsk alvetal ûnder de 18 spilet er ek foar de ferdediging.
"Centraal achterin kan ik ook en rechtsback kan ook. Met het Nederlandse team hoop ik over twee weken dat ik mee mag naar het EK onder de 19. Ik hoop dat ik dan met een lichting ouder mee mag."

De Fryske derby by Omrop Fryslân

Snein is alles oer de Fryske derby te folgjen yn in ekstra radioprogramma by Omrop Fryslân. Dat begjint om 11.00 oere en duorret oant en mei 15.00 oere. Fanút it Abe Lenstra Stadion presintearret René Koster it ekstra sportprogramma.
Lucas Bijker en Geert Jelle de Vries binne âld-spilers fan beide klups en sille oanskowe as analisten. It ferslach fan de wedstriid komt fan Andor Faber en Roelof de Vries.