Boerekaravaan yn Mitselwier warskôget foar tekoart oan molke

Der driget in tekoart oan molke as de oerheid trochset mei it útkeapjen fan boeren. Dat seit boerinne en BVNL-gemeenteriedslid Nynke Koopmans.
Nynke Koopmans © Omrop Fryslân, Gerrit de Boer
Om stikstofskea oan de natuer foar te kommen, moat der minder buorke wurde. Ien fan de mooglike oplossingen fan de oerheid is om boeren út te keapjen. Foar de meast soarchlike gebieten warskôget it kabinet-Rutte IV de boeren alfêst: "Vrijwilligheid betekent niet langer vrijblijvendheid", stiet yn it regearakkoart.

Soargen oer útkeapplannen

Guon boeren meitsje har soargen oer de kabinetsplannen. Se sjogge neat yn it útkeapjen, dat soe neat oplosse. En no warskôgje guon boeren dus ek foar nije problemen as de oerheid dêr wol mei trochset.
Stikstofoksiden en ammoniak binne skealik foar de natuer as der te folle fan yn de lucht, boaiem of wetter telâne komt. Planten as toarnbeien, brannettels en gers groeie der hurder troch en oerwoekerje oare planten. Dêrtroch ferdwine ek ynsekten, flinters en fûgels. Stikstofdiokside is boppedat net sûn foar minsken.
Boarne: Milieucentraal.nl
Koopmans die har útspraken yn Mitselwier. Dat plak waard oandien troch in karavaantsje fan boere-organisaasjes Agractie en NMV, as protest tsjin it stikstofbelied fan de oerheid.
De bedoeling wie dat yn Mitselwier praat wurde soe mei deputearre Klaas Fokkinga, mar dy liet it op it lêste momint ôfwitte.
De groep boeren yn Mitselwier © Omrop Fryslân, Gerrit de Boer
Neffens Koopmans is der net allinnich sprake fan in tekoart oan weet en sinneblomoalje yn de wrâld. Ek de mondiale produksje fan suvel stiet ûnder druk.
De produksje is net iens safolle leger, mar de legere produksje hat wol effekt. En de kâns dat de krapte tanimt is grut fanwege de hege krêftfoerprizen, de keunstdongprizen en oare hegere kosten foar de lânbou.
It soarget derfoar dat suvelfoarrieden opreitsje, en neffens Koopmans sil dat grutte gefolgen ha. Utkeapjen fan boeren soe dat allinnich mar slimmer meitsje.
Nynke Koopmans