Wettersteuring yn súdwesten fan provinsje kin noch oant fannacht duorje

Yn in grut part fan de Súdwesthoeke fan Fryslân binne al sûnt tongersdeitejûn problemen mei it wetter. Wetterbedriuw Vitens giet derfan út dat de problemen flak nei middernacht ferholpen binne.
It gebiet dêr't neffens wetterbedriuw Vitens problemen binne © Vitens
Yn it grutste part fan it gebiet is der sprake fan minder druk, mar yn guon gefallen sitte húshâldens hielendal sûnder wetter. Hoefolle krekt, is net dúdlik.
Der is in lieding brutsen en dy breuk sit op in lestich plak, yn in dyk yn Sleat. Monteurs binne hurd oan it wurk om it lek te ferhelpen, fertelt Vitens. Hoe't it lek ûntstien is, is noch net dúdlik.

Drinke út flessen en trochspiele mei kanaalwetter

Vitens hat kontakt socht mei de minsken dy't hielendal gjin wetter ha, seit Jeroen Bruning fan Vitens. "Dan kunnen we in gesprek hoe we een gebrek aan water kunnen opvangen. Bijvoorbeeld dat we de mensen van drinkwater gaan voorzien met flessen."
Kwa hygiëne is it ek net ideaal, as húskes net trochspield wurde kinne en de dûs it net docht. "Sommige mensen zijn heel creatief. Ze halen bijvoorbeeld water uit een nabijgelegen kanaal of vijver."