Hearrenfean-assistint Reekers oer de Fryske derby: "Wij zijn de favoriet"

Hearrenfeantrainer Ole Tobiasen moat him snein mooglik ferfange litte troch assistint Peter Reekers by de derby tsjin Cambuur. Tobiasen hat corona.
"Ole voelt zich wel goed, maar de laatste test was nog positief"
It is noch net útsletten dat Tobiasen snein fit genôch is om op de bank te sitten, mar de hiele wike hat er alle trainingen mist. Reekers is yn alle gefallen dúdlik oer hoe't er tsjin de derby oansjocht: "Wij zijn favoriet."
Ferline wike miste Hearrenfean noch de skorste Rami Kaib en Ibrahim Dresevic en de blessearre Milan van Ewijk en Joost van Aken. Dy binne der snein lykwols allegear wer by.
Neffens Reekers hat er no wat te kiezen, al sil Van Aken net yn de basis begjinne. "Hij heeft de hele week weer meegetraind, goed getraind, goed gewerkt, dat ziet er goed uit. Maar beginnen in de basis zit er niet in. Dat zou wel heel snel gaan."
Goed dat-ie weer terug is, maar we hebben jongens nodig die fit zijn.
Peter Reekers oer Rami Kaib
Kaib wie skorst, mar ek blessearre. Dêrom spilet Lucas Woudenberg snein tsjin Cambuur. "Rami Kaib is er een tijdje uitgewerkt en heeft vandaag eigenlijk weer voor het eerst een trainingsdag meegemaakt. Goed dat-ie weer terug is, maar we hebben jongens nodig die fit zijn. En Lucas is fitter."

Kompliminten foar Cambuur

Oer hoe't Hearrenfean spylje sil tsjin Cambuur lit Reekers net al te folle los. Wol dielt er de kompliminten út oan de Ljouwerters: "Het is duidelijk hoe ze spelen. Ze hebben een visie. De complimenten ook daarvoor van mij uit."
Reekers oer Cambuur: "Ze hebben een visie en ze blijven daarachter staan"
Reekers komt út Almelo. Hy hat der njoggen jier fuotballe en fan 2014 oant en mei 2021 wie er assistint-trainer by Heracles. Dêr makke er de derby tusken Heracles en FC Twente mei. "Het is allemaal vergelijkbaar. Het lijkt allemaal op elkaar."
Minsken ha it der allegear oer, fernimt er. "Bij een tankstation, op een parkeerplaats, binnen de club. Mensen leven mee. Ja, zelfs bij het tankstation. Dan krijg ik gratis koffie en wensen ze ons succes."

'Hearrenfean is de favoryt'

Earder dit seizoen spilen Cambuur en Hearrenfean tsjinelkoar en wûn Hearrenfean mei 2-1. Doe wie Cambuur yn it foar de favoryt, mar neffens Reekers is dat no oarsom.
"Ik denk dat Heerenveen nu favoriet is. Ik ben positief over Cambuur, maar het tweede deel van hun seizoen is natuurlijk minder. En wij zijn juist opgeklommen. Dat merk je ook aan de sfeer op de club. Dat willen we graag doorzetten."

De Fryske derby by Omrop Fryslân

Snein is alles oer de Fryske derby te folgjen yn in ekstra radioprogramma by Omrop Fryslân. Dat begjint om 11.00 oere en duorret oant en mei 15.00 oere. Fanút it Abe Lenstra Stadion presintearret René Koster it ekstra sportprogramma.
Lucas Bijker en Geert Jelle de Vries binne âld-spilers fan beide klups en sille oanskowe as analisten. It ferslach fan de wedstriid komt fan Andor Faber en Roelof de Vries.