Gjin EK-sukses foar Tornike Tsjakadoea nei twa kear ferlies
It is judoka Tornike Tsjakadoea net slagge om in medalje te winnen op it EK yn Sofia (Bulgarije). Hy gie ûnderút tsjin Loechoemi Tsjchvimiani fan Georgië en wist ek net yn de werkânsing te winnen.

Tsjakadoea kaam yn de earste ronde en achtste finale wol as winner út de bus. De Ljouwerter wûn fan Rodrigo Lopes (Portugal) en Daniel Leutgeb (Eastenryk) op waza-ari.
Dêrnei gong it mis tsjin Tsjchvimiani. Troch it ferlies wie brûns noch it heechst helbere, mar yn de werkânsing ferlear Tsjakadoea op ippon fan Balabaj Aghajev út Azerbeidzjan.
Subtop
Tsjakadoea heart al jierren by de subtop op de wrâld, mar pakte noch net in medalje op ien fan de grutste toernoaien. Yn augustus wie er ticht by olympysk earemetaal, mar ferlear er de wedstriid om it brûns.
De Ljouwerter is net de iennige Fries dy't meidocht oan it EK: snein komt Natascha Ausma (-78 kg) yn aksje.