Supportersferiening Feanfan: "Dit soarte fan aksjes kinne gewoan net"

De supportersferiening Feanfan fan sc Hearrenfean fynt de aksje fan oanhingers fan de klup by it Cambuurstadion net kinnen.
De supporters fan sc Hearrenfean mei de hartekop by it stadion fan Cambuur © ûnbekend
Tongersdei stie in groep fan sa'n 22 man foar it stadion yn Ljouwert te posearen mei in kop fan in deade ree en in spandoek mei de tekst 'Cambuur dood'.
"Walgelijk. In idioate kânsleaze aksje", neamt Jildou Visser fan Feanfan it. sc Hearrenfean hat ôfstân nommen fan de aksje, en sei der alles oan te dwaan om maatregels tsjin de groep te nimmen.

Gjin leden fan Feanfan

Visser giet der fanút dat de minsken op de foto gjin leden fan de supportersferiening binne. "Mocht oait bliken dwaan dat dat wol sa is, dan wurde se fuortendalik ferwidere."
Mei in aksje is op himsels neat mis, fynt se. "As je wat dwaan wolle, doch dan wat moais, wat ludyks, lykas we yn it ferline wol sjoen hawwe. Dit soarte fan aksjes kinne gewoan net."
Dit is fansels net wêr't Hearrenfean foar stiet.
Jildou Visser fan supportersferiening Feanfan
De supportersferiening wurket gear mei de klup om snein in moaie sfearaksje te organisearjen, seit Visser. Se fynt it skande dat de provosearjende aksje fan tongersdei úteinlik dochs assosjearre wurde kin mei de klup. "It strielet wol ôf op de klup. Dit is fansels net wêr't Hearrenfean foar stiet."
Visser hopet dat de aksje gjin negative gefolgen hat foar de wedstriid fan snein. "Der stiet in hiel soad spanning op de wedstriid. Ik hoopje foaral dat we snein in moai fuotbalfeest belibje kinne."
Ferslachjouwer Roelof de Vries en Jildou Visser fan Feanfan oer aksje by Cambuurstadion