Roozemond walget fan provosearjende fans: “Deze idioten niet meer in stadion”

"Afschuw", dat seit direkteur Cees Roozemond oer de foto fan Hearrenfeansupporters by it Cambuurstadion, mei in ôfhakke kop fan in echte ree. "Ik ben teleurgesteld in alle opzichten."
Roozemond set alles op alles om de dieders te pakken:
It giet om in groep supporters dy't harsels op de foto set hat by it Cambuurstadion, mei in spandoek dêr't 'Cambuur dood!' op stiet. De manlju hawwe bivakmûtsen op en ien fan har tilt de ôfhakke kop oan in tou.
"Ik schrok me rot", seit algemien direkteur Roozemond fan sc Hearrenfean. "Een smakeloze actie."

'It binne gjin supporters'

"Ze pretenderen supporter van de club te zijn", seit Roozemond. Mar neffens him kinne sy dat net wêze. "Het probleem is dat het een hele kleine groep is, die zegt uit naam te handelen van de club. Maar iedereen die de club een warm hart toedraagt, wil zich hier volledig van distantiëren. De pest is dat je er wel mee geconfronteerd en geïdentificeerd wordt."
De supporters fan sc Hearrenfean mei de kop by it stadion fan Cambuur © Unbekend
It is net te tolerearjen, fynt Roozemond. De trochsneed supporter fan syn klup is in hiel oar type as de manlju op de foto dy't rûngiet op sosjale media, sa is hy fan betinken.
sc Hearrenfean besiket de groep fan sa'n 24 manlju te identifisearjen. "Om ervoor te zorgen dat deze idioten in ieder geval het stadion niet meer in komen. We gaan de beelden bekijken, maar ze waren ook nog zo laf om aan alle kanten hun gezichten te bedekken. Dat zal het moeilijker maken. Maar we zullen alles proberen."
Dit soort dingen neemt de lol weg. Niet alleen voor mij, maar voor iedereen die zich helemaal uit de naad werkt in het stadion.
Algemien direkteur Cees Roozemond
Troch de aksje wit Roozemond net goed wat er snein ferwachtsje kin, as sc Hearrenfean en SC Cambuur it tsjin inoar opnimme. "Je hebt geen flauw idee. Je weet: bij een derby leeft een boel. Ludieke acties zijn van harte welkom, maar dit soort idiote, smakeloze acties vanzelfsprekend niet."
Algemien direkteur Cees Roozemond fan sc Hearrenfean
Foar Roozemond is de wille der aardich ôf. "Wij zijn ongelooflijk hard bezig om er zondag een mooi feest van te maken, met een sportieve strijd op het veld. Maar dit soort dingen neemt de lol weg. Niet alleen voor mij, maar voor iedereen die zich helemaal uit de naad werkt in het stadion."

Ekstra maatregels by Fryske derby

De klup fielt him twongen om ekstra maatregels te treffen foar de Fryske derby. "Dat is toch het jammere van dit soort wedstrijden. Je bent eigenlijk te druk om het goed te laten verlopen, in plaats van het beleven van een mooi feestje. Dus laten we hopen we dat we bij zinnen komen."
Roozemond yn it stadion © ANP
It is net de earste kear dat Roozemond him de lêste tiid útsprekke moat oer it hâlden en dragen fan saneamde 'supporters'. Ofrûne sneon krige in Hearrenfeansupporter nei in wedstriid yn Alkmaar in klap yn it gesicht fan in oare supporter.
De man spruts oare supporters oan op harren wangedrach en waard dêrnei misledige en krige in klap yn it each fan in jonge mei in bivakmûtse op. It slachtoffer moast nei it sikehûs ta.

Undersyk mishanneling rint noch

Roozemond kin noch net mear dúdlikens jaan oer wa't ferantwurdlik wie foar dizze aksje. "Nee, daar zijn we druk mee bezig. Er is aangifte gedaan en we hebben de beelden opgevraagd. Er gaat wel wat tijd overheen, maar er wordt hard aan gewerkt."
It kontroversjele spandoek © Unbekend
En noch earder, yn desimber, waard der in foto ferspraat fan supporters by it Cambuurstadion mei in spandoek mei de tekst 'Cambuur geeft je kopzorgen', mei dêrby in tekening fan in hart oan in galge.
It dreau spot mei de sûnensproblemen fan Cambuurtrainer Henk de Jong, dy't te lijen hat fan in kyste yn de holle.

Kear op kear itselde

Ek oer dizze aksje spruts Roozemond syn walging út. Kear op kear moat er itselde fertelle: dat er de aksje ôfkart, dat de dieders gjin supporters binne en dat de klup syn bêst docht om de ferantwurdliken te finen.