De toan fan Nelleke IJssennagger: "Fakânsjegefoel"

"Der soe in ôfspraak tsjin it fallen fan de maaiefakânsje yn april wêze moatte. Maaiefakânsje yn april is betiizjend, lykas it fallen fan de krookjefakânsje yn wintersk febrewaris. It is no dochs maitiid? No't april oergiet yn maaie?
Nederlanners meie bysûnder graach mei fakânsje mei de caravan nei Frankryk of yn in appartemint oan de Spaanske costa. It is altyd op dizze fakânsjes dat Nederlanners betinke: dat wolle wy ek, in camping of chambres d'hôtes begjinne, want dan is it krekt oft it elke dei fakânsje is.
It is ek Nederlanner eigen te tinken dat se dat wol kinne, sa'n ûndernimming begjinne en dan ek noch jûnsiten oanbiede wilens se gjin inkelde ûnderfining hawwe mei hoareka en itensieden en fan hygiëneregels noch nea heard hawwe. En dat yn in lân dêr't gastronomy wol wichtich is.
Dit is krekt wêr't it programma Ik Vertrek om giet en wannear't der in nij seizoen is, lykas no, dan betsjut dat dat de maitiid oanbrutsen is. By de minsken yn Nederlân begjinne de reiskribels op te spyljen, it fakânsjegefoel bloeit op, en dan is der neat oantrekliker as neitinke oer dy chambres d'hôtes.
Alhoewol, noch oantrekliker is it om fan de feilige fertroude húskeamer út wei te sjen nei dy oare Nederlanners dy't besykje dy dream wier te meitsjen, yn de stikeme hoop dat der ek saken ferkeard gean.
Dat docht bliken dat de sceptic tank al 30 jier net lege is, dat der sa'n goed gefoel is by de oannimmer mar de loyaliteit iensidich blykt, dat se by de boargemaster mei in mûle fol tosken stean omdat se de taal net sprekke en de meinommen Nederlânse leverwoarst net yn 'e smaak falt.
Krekt dan smakket it plakje woarst thús noch lekkerder. Krekt dan hearst minsken sizzen: "Sjochst wol, sa'n camping begjinne is net itselde as der mei fakânsje wêze, it is hurd wurkjen. Lit my mar moai gewoan op fakânsje nei Frankryk ta."
Nederlanners meie ek graach efkes fuort yn eigen lân. Lekker nei in bêd & brochje, it leafst yn de regio, om efkes it fakânsjegefoel op te sykjen. Noch leaver hawwe de fakânsjegongers der dan in miening oer. Dat is krekt wêr't it programma Bed & Breakfast om giet, dat likegoed by de maitiid heart.
Hoe is it bêd, hoe is it brochje, wat fine we fan de ynrjochting? Binne der genôch plankjes, papierbakjes, gastedoekjes en föhns? Is der wol kofje en tee op 'e keamer? Sit de ljochtknop op it goede plak? Is de badmatte wol grut genôch? En hearre wy nachts gjin miggen, ferkear of in betide hoanne?
Net allinnich de B&B sels wurdt beoardiele, ek de aktiviteiten dy't de B&B-hâlders betocht hawwe om de gasten te fermeitsjen telle mei. Kleie yn in skuorre, op in step troch de omjouwing, in kwis tusken de trije stellen of it haken fan in kleedsje, alles sekuer fêstlein troch de kameraploech fan Omroep Max.
Meidwaan is dus wurkje, sels ast se by de oare B&B-hâlders op besyk binne is it net in wykein fuort mei in fakânsjegefoel.
Hjoed is de beurt oan de Wjelsriper B&B Piebengastate. Eigeners Jenny en Fokke wie ferteld gewoan harsels te bliuwen, allinnich wol yn it Hollânsk te praten, fertelle se de lokale krante. Mei de rezjy is it deiprogramma foarme.
Troch it doarp rinne, dúmkes ite en âld-Hollânske spultsjes yn it doarpshûs dwaan, allegear regele troch it team fan Max. It waard hiel ûntspannen foar de B&B-hâlders, ôfsjoen fan wat Jenny 'in deade mol op in stôk' neamt en de kamera, dy't harren hieltyd folge.
It fakânsjegefoel komt ek by my sa stadichoan wol op, oft it no april of maaie is. Ek al haw ik gjin fakânsje, mei al dy frije feestdagen, mei it maitiidsswaar en sûnder kamera of 'deade mol' fielt it dochs wol in bytsje sa.
Nije wike sil ik spitigernôch de kollum in kear oerslaan, oant oer 14 dagen. En ast fakânsje hast: genietsje derfan."