Oersetters fertelle oer harren fak: "It efterfolget je dei en nacht"

Fjouwer oersetters fertelle freedtejûn oer har fakgebiet op it evenemint Vertalersgeluk. Ien fan har is Martsje de Jong: "Ik tink dat it hiel bysûnder is om mei te meitsjen."
Oersetter Martsje de Jong mei it boek oer Pippi Langkous © Omrop Fryslân
It evenemint Vertalersgeluk wurdt yn de Ljouwerter Westertsjerke organisearre yn it ramt fan de Europeeske literatuerpriis, dy't fan it simmer útrikt wurdt.
De organisaasje leit yn hannen fan Explore the North, de Europese Literatuurprijs, it Nederlands Letterenfonds, Tresoar, boekhannel Van der Velde en Ljouwert UNESCO City of Literature.

Unmisber, mar ûnsichtber

It jout in poadium oan de 'ûnmisbere mar faak ûnsichtbere skeakels' yn it boekefak, sa wurdt der sein. Want as gjin oar moat in oersetter in tekst begripe, om dy yn in oare taal op 'e nij te skriuwen.
Dat it oersetten in hiele literêre speurtocht wêze kin, dêr kin Martsje de Jong fan Bitgum har wol yn fine. "Ik sis altyd: je kinne fertale en oersette. As je fertale dan sizze je ien op ien: dit stiet der. Mar as oersetter moat it ek doge, it moat moai Frysk wêze en je moatte somtiden Fryske wurden betinke dy't net bestean."
It efterfolget je dei en nacht. Ik haw op alle mooglike en ûnmooglike plakken pinne en papier lizzen.
Martsje de Jong
Somtiden is der net in goede Fryske werjefte foar in Nederlânsk wurd, seit De Jong. "Al komt it oarsom neffens my faker foar. It proses is kreatyf en ek wol yntinsyf, want it efterfolget je dei en nacht. Ik haw op alle mooglike en ûnmooglike plakken pinne en papier lizzen."
Oersetter Martsje de Jong © Omrop Fryslân
In oplieding ta oersetter hat De Jong nea hân. "Ik skreau altyd foar kranten en wie op sosjale media aktyf yn it Frysk. Dat foel op by in útjouwerij yn Grins, dy fregen my of ik it ek leuk fine soe om in boek oer te setten."

De GVR

Dat seach De Jong Wol sitten. "Doe hie ik wat in grutte broek oan, ik sei: ik wol fuort De Grote Vriendelijke Reus fan Roald Dahl oersette. Dat fyn ik it moaiste berneboek. Dat wie it begjin."
Martsje de Jong oer it oersetten
It debút wie yn 2017, mar dêrnei folgen tal fan oare boeken, lykas Ventoux, Pippi Langkous en De Goargels. De Jong set út it Nederlânsk, Ingelsk en Sweedsk oer nei it Frysk. Op dit stuit is sy krekt klear mei it oersetten fan it berneboekewikegeskink.

Grutte klassikers

De Jong hat noch wol wat winsken as oersetter: "Ik soe it in feest fine as der binnen de Fryske literatuer mear grutte klassikers oerset waarden. Foar folwoeksenen bart dat minder. Foar bern dogge sy dat wol, want de oplagen binne grutter. Mar de Russyske klassikers binne net oerset yn it Frysk. It soe in ferriking wêze as soks wol barde."