'Lakerige sfear VI soarget derfoar dat slachtoffers minder gau harren ferhaal dogge'

De útspraken fan Johan Derksen yn it telefyzjeprogramma Vandaag Inside soargje derfoar dat slachtoffers fan seksueel geweld minder gau harren ferhaal doare te dwaan. Dat tinkt Gerda de Groot fan it Centrum Seksueel Geweld Fryslân.
Gerda de Groot yn Fryslân Hjoed:
Derksen fertelde dat er yn syn jonge jierren by in frou dy't út de tiid wie in kears ynbrocht hie. Letter swakke hy dy wurden ôf en sei er dat it net om penetraasje gie.
"We moeten het hier beslist weer over hebben. Ik hoor dat hij vanavond excuus gaat aanbieden. Ik denk dat het heel belangrijk is dat er een heel duidelijk punt wordt gemaakt. Door hem, door het televisieprogramma, door Talpa. Dit kan gewoon echt absoluut niet. Dit zijn we echt voorbij; dat er op zo'n manier over vrouwen wordt gesproken", seit De Groot yn it radioprogramma Underweis. "Dit is heel ongepast en dan druk ik mij nog netjes uit."

Omstanners

Neffens De Groot is ek benammen de reaksje fan de oare tafelgasten kwealik: "Derksen zegt eerst dat hij zich rot schaamt. Als daar op in was gegaan: 'Ja, dit is ook heel erg ongepast wat je hebt gedaan. Dat hoort niet.' Dan was het een heel ander gesprek geweest."
"Maar je ziet aan de reacties van de omstanders dat het dan een soort lacherig geheel wordt waarin stoer wordt gepraat. Dat doet totaal geen recht aan de slachtoffers die dit hebben meegemaakt. Die krijgen opnieuw het idee van: zie je wel. Zo wordt er mee omgegaan. Als ik iets vertel wordt er lacherig over gedaan."

The Voice

By it Centrum Seksueel Geweld Fryslân krije se de lêste tiid in hiel soad mear berjochten en telefoantsjes. Dat hat benammen te krijen mei it skandaal by The Voice of Holland.
"Het is natuurlijk triest, maar we zijn niet zo idealistisch om te denken dat het niet zou bestaan als we ze niet horen of zien. Dus dat mensen zich meer gaan melden is heel erg fijn", seit De Groot.
It taboe om dy út te sprekken is der neffens De Groot lykwols noch net fan ôf: "Niet in de zin van dat er in Nederland al een cultuur is ontstaan waarin we afwijzen dat er over grenzen wordt gegaan. En dat heb je natuurlijk heel goed gezien bij het verhaal van Johan Derksen."
Gerda de Groot yn Underweis