1.055 Oekraynske flechtlingen opfongen troch Fryske gemeenten

Op it stuit binne 1.055 Oekraynske flechtlingen opfongen troch gemeenten yn Fryslân, dat seit Feilichheidsregio Fryslân. It doel is om 2.000 plakken te realisearjen. Dat is noch net hielendal klear, mar stadichoan groeit it tal beskikbere plakken wol.
Oekraynske flechtlingen yn Fryslân © Omrop Fryslân
By de Feilichheidsregio binne no 1.795 plakken ynventarisearre dy't brûkt wurde kinne om Oekraïners op te fangen. Net alle plakken dêrfan binne al hielendal klear foar gebrûk: 1.439 binne operasjoneel.
Dat betsjut dat Fryslân in marzje hat fan hast 400 plakken dy't gelyk yn gebrûk naam wurde kinne. It doel fan de Feilichheidsregio is om 2.000 plakken te realisearjen dus der moatte noch wat by.

Leechsteande provinsjale gebouwen

Tiisdei waard al bekend dat it Valk Hotel yn Frjentsjer ien fan de nije lokaasjes wurde sil. Dizze 45 oant 50 ekstra plakken binne noch net meirekkene. Ek komme der miskien ekstra plakken yn leechsteande provinsjale gebouwen beskikber die ôfrûne tiisdei bliken út in stik fan Deputearre Steaten.
Lanlik binne no hast 43.800 plakken realisearre en hast 33.000 plakken beset. Fryske gemeenten fange dus op it stuit sa'n 3 prosint fan it lanlike oantal flechtlingen op dat yn gemeentlike lokaasjes sit.