Rykswettersteat warskôget om net op dûkelmantsje-aaien te traapjen

Rykswettersteat Noard-Nederlân warskôget minsken op de Waadeilannen om net op nêsten op it strân te traapjen. Op de eilannen briedt it dûkelmantsje, mar de nestjes binne suver net sichtber yn it sân.
De aaikes en pykjes falle hast net op yn it sân © Shutterstock.com (Wolter van Dijk)
Neffens Rykswettersteat binne de earste dûkelmantsjes (strandplevier) wer op It Amelân oankaam út it suden wei. It dûkelmantsje is yn Nederlân in bedrige soart.

Bot bedrige

Der briede elts jier mar in pear hûndert spantsjes yn Nederlân. Yn 2020 gie it sels noch mar om in lytse 182, wylst der yn 1976 noch sa'n 900 teld waarden.
It dûkelmantsje briedt yn Fryslân foaral op de Waadeilannen, noch it meast op Skylge, en noch in inkeling by de Waadseekust del. Om de fûgel te sparjen warskôget Rykswettersteat kuierders, sa't de aaien net fertrape wurde.