Friese Milieu Federatie bestiet 50 jier: "Hiel wat feroare, yn positive sin"

De Friese Milieu Federatie bestiet 50 jier. Hoewol't 28 april de oprjochtingsdei is, fiert de organisaasje it jubileum it hiele jier. "Ik tink dat der hiel wat feroare is, yn positive sin", seit direkteur Hans van der Werf.
Direkteur Hans van der Werf fan de Friese Milieu Federatie © Omrop Fryslân
De stichting waard op 28 april 1972 oprjochte, doe noch ûnder de namme Friese Miljeuraad. Sûnt 1992 is it Friese Mileu Federatie, dy't him ynset foar duorsume ûntwikkeling, natuerbehear en -behâld en it ûntwikkeljen fan natuer, lânskip en bioferskaat yn de provinsje.
Eltse moanne is der op syn minst ien evenemint, aktiviteit of lêzing foar it jubileum. Yn maaie wurket de Friese Milieu Federatie bygelyks gear mei Bosk, it keunstinisjatyf fan Arcadia. De bedoeling is ek dat der in bliuwend bosk komt. Yn septimber docht de organisaasje mei oan de Clean Up Day en yn desimber is in Klimaatberied.

Foarútsjen mei klimaataginda

"Wy wolle benammen foarútsjen", seit direkteur Hans van der Werf. "Der is in klimaataginda, dêr't ek ús 'klimaatdeputearre' by is. Der binne diskusjegearkomsten en eveneminten. En oan de ein fan it jier presintearje wy in klimaataginda."
Sûnt 2011 stiet Van der Werf as direkteur oan it roer. De ôfrûne 50 jier hawwe wat him oanbelanget in turbulinte tiid west. "De hiele miljeubeweging hat him ûntwikkele."
Direkteur Hans van der Werf fan de Friese Milieu Federatie
Yn 1972 wie der yn feite noch neat, seit Van der Werf. "Doe begûn der in bewustwêzen oer it miljeu. De Club van Rome stelde it klimaat oan 'e kaak: minsken krigen yn 'e gaten dat it sa net langer gie. It gie net goed mei de wrâld."
Yntusken binne oerheden dêr wol fan trochkringe. "As wy sjogge nei it hjoeddeiske regearakkoart, dan wurdt der in soad jild foar frijmakke. Der is in soad urginsje om mei klimaatferoaring en miljeu oan 'e gong te gean."

Brêgen slaan

De Friese Milieu Federatie is in gearwurkingsferbân tusken tsientallen provinsjale organisaasjes op it mêd fan natuer en miljeu. Dat giet bygelyks fan de Leerschool Permacultuur, de Nederlandse Bijenhoudervereniging en Sportvisserij Fryslân oant de Waadferiening.
In aksje om op te romjen © Friese Milieu Federatie
De netwurkorganisaasje fertsjintwurdiget dêrmei sa'n 95.000 leden en is oansletten by it lanlike netwurk fan provinsjale miljeufederaasjes. It jout advys en foarljochting, set kampanjes op en docht aksjes en projekten.
Yn ús efterban sitte jagers en sportfiskers, mar ek natuerorganisaasjes. Wy binne yn steat om dy te ferienigjen.
Direkteur Hans van der Werf fan de Friese Milieu Federatie
Van der Werf wiist der op dat de Friese Mileu Federatie benammen brêgen slacht tusken partijen. "Yn ús efterban sitte jagers en sportfiskers, mar ek natuerorganisaasjes. Wy binne yn steat om dy te ferienigjen en mei-inoar oan de gong te gean om Fryslân moai en duorsum te meitsjen."
© Omrop Fryslân, Remco de Vries
Dêr is de direkteur it meast grutsk op. "Op it feit dat wy in brede efterban ûntwikkele hawwe. Yn Fryslân sjogge wy dat der yn de mienskip in soad minsken lokaal oan 'e gong geane mei natuer en miljeu."

"It kin wol wat hurder"

Der wurde neffens Van der Werf in soad lytse stappen set, mar it is wol de fraach oft dy foldwaande binne om klimaatferoaring te kearen. "Wy merke dat de trochsneed boarger it wol. Men wol in elektryske auto keapje, mar it moat wol oantreklik en betelber wêze. Fan de oerheid ferwachtsje wy net allinne jild, mar ek in fisy op wêr't wy nei ta wolle. Dus wat dat oanbelanget giet it ús net hurd genôch."