Tornike Tsjakadoea wol EK-flok ferbrekke: "Het knaagt wel"

Tornike Tsjakadoea begjint freed oan syn tredde Europeesk kampioenskip judo. Hy wol in medalje, want de eardere twa kear stie er mei hege ferwachtingen oan 'e start en waard er betiid útskeakele.
Nei de Olympyske Spelen naam Tsjakadoea efkes ôfstân fan judo:
It Europeesk kampioenskip yn it Bulgaarske Sofia wurdt pas de tredde wedstriid yn acht moannen fan Tornike Tsjakadoea. Op 31 july waard er fiifde op de Olympyske Spelen en dêrnei wie er allinnich noch mar aktyf op de Grand Slam fan Parys yn oktober en de Grand Slam yn Tel Aviv yn febrewaris.
It is net sa dat de Ljouwerter in blessuere hân hat. Hy hat nei de Spelen efkes gas weromnaam. "Ik heb na de Spelen een moment gepakt om weer zen te zijn", fertelt Tsjakadoea.
"Ik ben op vakantie geweest en heb tijd met familie doorgebracht. Die periode duurde best wel lang."
Het was wel even pittig. Ik moest er daarna wel even uit.
Tornike Tsjakadoea moast efkes bekomme nei de Spelen
It wie ek wol nedich yn syn eagen. "Je werkt in dit geval vijf jaar naar de Spelen toe. Dus die jaren voel je wel echt. Het was wel even pittig. Ik moest er daarna wel even uit", fynt de 25-jierrige judoka.
Neist de twa Grand Slams dy't er judowe hat, hat Tsjakadoea noch wol op trainingskamp west nei Spanje en Brazilië. "Dan krijg je weer dat wedstrijdgevoel", ferklearret er. Dat is ek wol nedich om't er freed begjint oan syn tredde EK.

As sechde pleatst

Yn syn gewichtsklasse, ûnder de 60 kilogram, stiet Tsjakadoea sechde op de pleatsingslist foar it EK. Hy tinkt lykwols dat in medalje deryn sit. "Ik verwacht wel dat ik bij de top hoor en dat ik een medaille ga halen."
Tornike Tsjakadoea beskôget syn kânsen op it EK:
Hy wol no graach mei in medalje thúskomme. Yn 2018 en 2020 kaam Tsjakadoea net fierder as de twadde ronde op it Europeesk kampioenskip. En dat wylst er foar dy toernoaien hiel hoopfol wie oer syn kânsen en ek doe tocht in medalje pakke te kinnen.
It sit him dwers, dat it him noch net earder slagge. Op Grand Slams helle Tsjakadoea wol faker medaljes, mar dus net op it EK. "Dat knaagt wel", jout er earlik ta. "Ik weet niet wat ik ervan moet zeggen. Ik ga proberen om deze vloek nu te verbreken."

Lêst fan de heup

Der liket him neat yn it paad te sitten om no wol in goed resultaat te boeken. Alteast: ferline wike hie er noch in lyts probleemke mei de heup.
In besite oan de fysioterapeut hat him lykwols grien ljocht opsmiten om fan start te gean yn Sofia. "Ik zeg: pijnstillers erin en gaan met die banaan", laket Tsjakadoea.
Dit jier binne it EK en it WK it wichtichst foar de Nederlânske judoploech. Der wurdt lykwols ek alwer foarút sjoen. "Over twee jaar zijn de Spelen alweer, dus het gaat heel snel."
Tornike Tsjakadoea op de Olympyske Spelen fan 2021 © Orange Pictures
Tsjakadoea is net de iennige Fries dy't yn aksje komt op it Europeesk kampioenskip.

Ausma wol, Vermeer net

Ek Natascha Ausma docht mei. Se komt snein yn aksje yn de kategory ûnder de 78 kilogram. Gewoanwei hie ek Sanne Vermeer meidien, mar de judoka fan Stiens is koartlyn operearre oan 'e knibbel. Se is dêrtroch net op 'e tiid fit.