Krityk op weromkommen rotondes yn Haadwei Damwâld: "Sjoch nei it totaalplaatsje"

Mei mingde gefoelens wurdt yn Damwâld reagearre op it beslút fan de gemeenteried fan Dantumadiel om wer rotondes oan te lizzen yn de Haadwei troch it doarp.
In krusing yn de Haadwei troch Damwâld © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
De rotondes waarden fjouwer jier lyn fuort helle. Der kaam shared space foar yn it plak, mei gewoane krusingen. Nei de oanlis fan de Sintrale As wie de gedachte dat it minder drok wurde soe yn it doarp.
Mar sûnt dy tiid fiele in soad doarpsbewenners har net feilich op de Haadwei. Der wie in klankboerdgroep yn Damwâld om de gemeente te advisearjen oer de werynrjochting fan de dyk. Dy pleite foar de komst fan sebrapaden by de trije grutte krusingen fan de Haadwei, mar de gemeente hat dat advys njonken him dellein.

'Gesichtsferlies'

De gemeenteriedsgearkomste oer it weromkommen fan de minyrotondes duorre hast fiif oeren. Uteinlik foel der in beslút, mar ienriedigens wie fier te sykjen. Fije Feenstra, foarsitter fan doarpsbelang en lid fan de klankboerdgroep, praat fan 'gesichtsferlies'.
De klankboerdgroep wie fan it begjin ôf oan belutsen by it weroanlizzen fan de Haadwei. "Doe waard ús hiel dúdlik makke dat de âlde rotondes fuort moasten", seit Feenstra. Hy fynt it skande dat der no eins allinnich nei it werombringen fan de rotondes sjoen wurdt. "Wy sjogge leaver nei it totaalplaatsje fan feilichheid."
Ien ding is gewoan hiel dúdlik: it probleem leit him net oan de dyk, mar by de gebrûkers.
Fije Feenstra, foarsitter fan doarpsbelang en lid fan de klankboerdgroep
"Ik snap bêst dat der in hiel protte automobilisten en bewenners fan Damwâld binne dy't tinke dat mei de rotondes alle problemen oplost binne", seit Feenstra. Hy hopet dat al, mar tinkt net dat nije rotondes de 'rêdende ingel' wêze sille.
"Ien ding is gewoan hiel dúdlik: it probleem leit him net oan de dyk, mar by de gebrûkers. Dy dyk moat gewoan brûkt wurde as in doarpsdyk. De minsken moatte har gewoan oan de snelheid hâlde, dan is der hielendal neat oan 'e hân."
Fije Feenstra