Liveblog | 27 april

Dit wie Keningsdei 2022 yn Fryslân: "Bliid dat der wer in feestje wie"

Nei twa jier fan corona koe it hjoed wer: Keningsdei fiere. Rûnom wiene frijmerken en koene minsken feestfiere en by elkoar komme.
Bywurke: 27 april, 21:46
woansdei 27 april
21:45

Binnenstêd fan Ljouwert wer skjin

De binnenstêd fan Ljouwert wurdt wer skjinmakke troch meiwurkers fan Omrin. Frijmerkferkeapers dy 't guod oer hiene, koene dat kwyt yn grutte konteners dy't troch de gemeente yn de stêd delset wienen. Wylst der flyers útdield wienen om minsken te freegjen harren guod goed op te romjen, lei der dochs noch in soad op strjitte.
Pieter Bleeker fan Omrin
20:00

Sa fierde Fryslân dizze Keningsdei:

Sa fierde Fryslân Keningsdei:
17:43

Op Skylge dûnsje minsken op in saneamde 'silent disco' (stille disko)

17:19

Mata Hari plein yn Ljouwert is fol

It Mata Hariplein yn Ljouwert is fol. It is sa drok dat der pas nije minsken it plein op meie, as oare minsken it plein ferlitte.
© Omrop Fryslân, Aise van Beets
16:09

Op guon plakken is it bewolkt, op oare plakken skynt de sinne

15:49

Feanwâlden fiert Keningsdei mei 'Willem-Alexander en Maxima'

Hûnderten minsken kamen op Keningsdei del yn it nagelnije Spoarpark yn Feanwâlden. Dat meldt RTV NOF. Fan 10:00 oere ôf wie it direkt al drok. Annigje Sikma, de foarsitter fan de Keningskommisje yn it doarp, wie dan ek tefreden. "Dit is wêr't je it foar dogge, dizze drokte is echt skitterend. Eltsenien laket, hat wille en hjir wiene wy mei syn allen ek echt wer oan ta!"
14:55

Op it Amelân ride fersierde weinen

14:21

Keningshûskenner Bilker oer it fertrouwen fan de maatskippij yn de kening

Krekt wat minder as de helte fan de befolking hat fertrouwen yn kening Willem-Alexander. Dat leit op 47 prosint. In jier earder wie dat noch 57 prosint.
In grut part fan de Nederlanners fynt dat de kening him net solidêr toand hat mei it folk. Se binne wol te sprekken oer dat it keningspear Oekraynske flechtlingen opfangt yn kastiel Het Oude Loo yn Apeldoorn.

Sjen nei kollega's

Keningshûskenner Bearn Bilker fynt de delgeande trend spitich. Om de delgeande trend om te bûgen soe de kening neffens Bilker sjen kinne nei kollega's. "Of hoe't syn mem, Beatrix, it die. Je moat konstant alert wêze wat der om je hinne bart."
13:56

Sjipkisterace yn Garyp

13:44

Ald-Hollânske spultsjes en oare eveneminten op Flylân

12:37

Yn Grou is njonken feest ek omtinken foar Oekraynske flechtlingen

Yn Grou kleuret it op Keningsdei net allinnich oranje, mar ek blau en giel, de kleuren fan Oekraïne. Coby Schuring, ien fan de minsken efter de Vrolijke Vrijmarkt, fertelt der mear oer.
"Dit jier is de opbringst fan de teetún foar de bewenners fan herberch Oer 't Hout." De herberch wie ien fan de earste plakken yn Fryslân dêr't Oekraynske flechtlingen opfongen waarden. Mei it jild wol Schuring in spesjale sportmiddei organisearje foar de jongere Oekraïners.
In pear Oekraïners ha even delwest foar in bakje kofje, fertelt Schuring. Se merkt dat oare minsken ek meifiele mei de flechtlingen. "Dêrom is it ek moai dat guon minsken dy't hjir ferkeapje harren opbringst oan in goed doel jouwe."
12:18

Dûbeld feest yn Drachten: Oranjeferiening fiert 100-jierrich jubileum

Keningsdei yn Smellingerlân hat in spesjaal tintsje. De Oranjeferiening fiert it hûndertjierrich bestean. Dat is bysûnder yn in tiid dat tal fan Oranjeferieningen ophâlde om't se te min minsken krije kinne. Wat it geheim fan dizze Oranjeferiening is?
"We ha in goed draaiboek en we wurkje mei entûsjaste frijwilligers fan World Servants. Dat binne jonge minsken tusken de 16 en 20 jier dy't ús stypje. It binne in pear ekstra hannen. Smellingerlân is fan âldsher 'koningsgezind', it wie ek in grutte kristlike gemeente", fertelt de sekretaris.
It jubileum wurdt net grut fierd. Foar de âld-leden is middeis in resepsje.
11:48

Ek hieltyd mear minsken op de rommelmerk yn Dronryp

11:19

Drokte op Ljouwerter frijmerk

11:10

Nei goed 100 jier op Keningsdei gjin muzyk mear op it dak fan stedshûs Harns

De Stedelijke Muziekvereniging Harlingen mei op Keningsdei net mear op it dak fan it stedshûs spylje. De boargemaster hat dit jier gjin fergunning ferliend fanwegen oanskerpe feilichheidsmaatregels.
Al mear as hûndert jier spile de muzykferiening op Keningsdei, en earder op Keninginnedei, koraalmuzyk en âld-Hollânske ferskes. Dat barde alle kearen op it dak fan it stedshûs. "Wy binne bot teloarsteld", fertelt Bauke van der Pol, fan de feriening. "Wy hawwe yn it petear ek oanjûn dat it wol wat tafalt, en dat it wat ús oanbelanget kinne soe."
Dochs mei it net. De boargemeester en de gemeente wolle de ferantwurdlikheid net drage, benammen no't der soargen binne oer it dak, seit Van der Pol. "It mei net mear, wy binne útnûge troch de boargemaster. Wy hawwe praat, en de steat fan it dak liket net al te bêst te wêzen, dat je der net mei tweintich minsken op meie."
© SMH
11:00

Keningsdei yn Dokkum

10:45

De Putkapel en de aubade yn Snits

10:40

Net elke Fries fiert Keningsdei: "Opgescheept met het huis van Oranje"

Hoewol't hjoed rûnom yn it lân Keningsdei fierd wurdt, is it net foar elkenien in feestdei. Republikeinen pleitsje earder foar in ôfskiedsfeest foar de monargy, om 'Willem de Lêste' út te swaaien.
Ien fan de tsjinstanners fan de monargy is Mieke de Graaf fan Skylge. Sy wie al jierren lid fan it Republikeins Genootschap (tsjintwurdich Republiek neamd) en die ûnder de flagge fan de Partij voor de Republiek mei oan de Twadde Keamerferkiezingen.

Opskipe mei it keningshûs

De Graaf is tsjinstanner fan it keningshûs. "We wonen in een modern Europa: we leven in een hele mooie democratie. Dat moeten we koesteren. Maar in Nederland valt er wat dit betreft niets te kiezen: we zitten opgescheept met het huis van Oranje", seit sy.
10:30

Frijmerk yn Snits

10:00

De Putkapel yn de toer fan de Snitser Martinitsjerke

Leden fan De Putkapel, lykas wenst yn koarte broek mei Fryske pompeblêden, beklommen moarns betiid al de toer fan de Martinitsjerke yn Snits om dêr ferskate nûmers te spyljen.

"Basedrum past net troch it gat"

Ien fan de leden fan it dweilorkest stie lykwols ûnder te harkjen. "Myn basedrum past net troch it gat, dus ik koe net mei nei boppen."
De Putkapel yn de Martinitsjerke yn Snits © Omrop Fryslân, Arjen Bosselaar
09:30

Noflik waar, jas wol oan

It waar liket goed: earst is der in soad bewolking, mar yn de middei komt de sinne der geregeld troch. It bliuwt drûch, der stiet in matige noardewyn. It wurdt mei sa'n 13 graden net hiel waarm
09:00

Drokte yn Keningsnacht

Ek yn de oanrin nei Keningsdei, yn de Keningsnacht, wie it al drok op tal fan plakken, lykas yn it sintrum Ljouwert. Ferkeapers setten har doe al har ferkeapplak ôf.
08:30

Keninlike famylje nei Maastricht

Kening Willem-Alexander, keninginne Máxima en har trije dochters fiere de dei yn Maastricht. Dat soe al yn 2020, mar gie fanwegen corona net troch. Keningsdei wurdt sûnt 2014 fierd, in jier nei de huldiging fan Willem-Alexander. De kening hat syn 55ste jierdei.
Keninklike famylje yn Maastricht © ANP
08:00

Wolkom!

Wolkom by dit liveblog mei alles oer Keningsdei, dat we nei twa jier fan coronabeheiningen wer folop fiere kinne.