Nei goed 100 jier op Keningsdei gjin muzyk mear op it dak fan stedshûs Harns

De Stedelijke Muziekvereniging Harlingen mei op Keningsdei net mear op it dak fan it stedshûs spylje. De boargemaster hat dit jier gjin fergunning ferliend fanwegen oanskerpe feilichheidsmaatregels.
De muzykferiening op it dak fan it stedshûs yn Harns © SMH
Al mear as hûndert jier spile de muzykferiening op Keningsdei, en earder op Keninginnedei, koraalmuzyk en âld-Hollânske ferskes. Dat barde alle kearen op it dak fan it stedshûs.
"Wy binne bot teloarsteld", fertelt Bauke van der Pol, fan de feriening. "Wy hawwe yn it petear ek oanjûn dat it wol wat tafalt, en dat it wat ús oanbelanget kinne soe."
Dochs mei it net. De boargemeester en de gemeente wolle de ferantwurdlikheid net drage, benammen no't der soargen binne oer it dak, seit Van der Pol. "It mei net mear, wy binne útnûge troch de boargemaster. Wy hawwe praat, en de steat fan it dak liket net al te bêst te wêzen, dat je der net mei tweintich minsken op meie."

Oare lokaasje

"Justerjûn hiene we wer oefene, de âld-Hollânske ferskes, it Frysk folksliet." Mar dat wie allegearre net om 'e nocht, leit Van der Pol út. "Wy gean no nei in oar plak ta."
Dat wurdt de Waddenpromenade, noch hieltyd op in moaie hichte. "Dêr steane we dan tsien, fyftjin meter yn 'e loft. As de wyn goed stiet kinne minsken oer de Harnzer haven, Noorderhaven en de Waddenpromenade goed hearre wat wy spylje."
Om 8.30 oere begjint de Stedelijke Muziekvereniging Harlingen dêr te spyljen, om 9.30 folget de aubade foar it stedshûs.
De Waddenpromenade is ek in moaie lokaasje, fynt Van der Pol: "It rint wol wer los en it wurdt wol wer moai, mar it leafst steane wy op it dak, sa't we dat hûndert jier dien hawwe."
Mar it is net itselde as spylje op it dak fan it stedshûs. Boppedat fynt er it tradysje: "It heart gewoan by Harns, dat wy op it dak spylje. Dêr moatte wy stean."
Bauke van der Pol fan de Stedelijke Muziekvereniging Harlingen