Net elke Fries fiert Keningsdei: "Opgescheept met het huis van Oranje"

Hoewol't hjoed rûnom yn it lân Keningsdei fierd wurdt, is it net foar elkenien in feestdei. Republikeinen pleitsje earder foar in ôfskiedsfeest foar de monargy, om 'Willem de Lêste' út te swaaien.
In protestboerd doe't Willem-Alexander kening waard © ANP
Ien fan de tsjinstanners fan de monargy is Mieke de Graaf fan Skylge. Sy wie al jierren lid fan it Republikeins Genootschap (tsjintwurdich Republiek neamd) en die ûnder de flagge fan de Partij voor de Republiek mei oan de Twadde Keamerferkiezingen.

Opskipe mei it keningshûs

De Graaf is tsjinstanner fan it keningshûs. "We wonen in een modern Europa: we leven in een hele mooie democratie. Dat moeten we koesteren. Maar in Nederland valt er wat dit betreft niets te kiezen: we zitten opgescheept met het huis van Oranje", seit sy.

Erfopfolging en demokrasy

De Nederlanners fan no hawwe der net om frege, jout sy oan. En dat soe wol it bêste wêze, want peilingen jouwe oan dat de monargy hieltyd minder populêr wurdt. "Laat de mensen het in ieder geval kiezen", fynt De Graaf. "Want erfopvolging past niet meer in het moderne Europa."
Net elk is foar it keningshûs © ANP
Om it keningshûs oan kant te setten, is der wol hiel wat nedich. "Alleen met een referendum red je het niet, want het zit in de grondwet verankerd. Het mooiste zou zijn als Willem-Alexander zelf in zou zien dat hij overbodig is en opstapt."

Wol netsjes ôfskie nimme

Dat soe neffens De Graaf de meast nette oplossing wêze. "Want republikeinen willen het ook netjes oplossen. We moeten wel op een respectvolle manier afscheid nemen."
De Graaf is lykwols realistysk en sjocht wol yn dat it net fan hjoed op moarn barre sil. "We kunnen zo'n stap ook niet direct nemen, er gaat een lange tijd overheen en een samenleving moet ernaartoe groeien."
Mieke de Graaf
Mar better soe it neffens har wol wêze: "Het doet geen kwaad, maar het voegt ook niets toe." Sy begrypt wol dat guon minsken in gefoel fan ferbining fiele by it hûs fan Oranje. "Daar kan ik me iets bij voorstellen, zeker bij de oudere generatie. Maar nogmaals: we hebben ze niet gekozen."
Willem-Alexander sil noch wol efkes bliuwe, tinkt sy. "Maar misschien dat Amalia wel tot de conclusie komt dat er voor haar geen rol is weggelegd. Er zijn heel veel mensen tegen de monarchie, maar het gaat alleen maar over de mensen die met vlaggetjes staan te zwaaien."