Busferfier kostet de provinsje miljoenen ekstra: "Het zal schraler worden"

It busferfier kostet Fryslân miljoenen euro's ekstra. Troch de hege brânstof- en enerzjykosten moat de provinsje oer ferline jier leafst 2,2 miljoen euro bybetelje oan it regionale bus- en treinferfier fan Arriva.
It busstasjon fan Snits © Omrop Fryslân, Sian Wierda
De konsesje tusken de provinsje en Arriva foarsjocht der yn dat by grutte priisstigingen de tsjinstregeling yn stân bliuwt en de provinsje de ekstra kosten draacht. Deputearre Fokkens hat de ôffaller tiisdei meld oan Provinsjale Steaten.
De provinsje gie út fan in tsjinfaller fan 1,4 miljoen. No't dit bedrach heger útpakt, is der 800.000 euro út de provinsjale reserve nedich.
Busline 99 Harns-It Hearrenfean © Omrop Fryslân, Sian Wierda
Fokkens hâldt der rekken mei dat de ekstra kosten foar it bus- en treinferfier dit jier grif net leger wêze sille. It iepenbier ferfier hat neffens har te lijen fan in kombinaasje fan problemen.
It tal reizgers - en dêrmei ek de ynkomsten - binne noch hieltiid in stik leger as foar de coronapandemy, de kosten binne in stik heger en boppedat hat it Ryk oankundige dat de saneamde 'ynstânhâldingsfergoeding' foar it iepenbier ferfier yn ferbân mei corona nei dit kalinderjier ophâldt.
Avine Fokkens oer de hege kosten fan it iepenbier ferfier
Deputearre Avine Fokkens hâldt der dêrom bot rekken mei dat de provinsje en Arriva takom jier gjin oare kar hawwe as snije yn de tsjinstregeling, ek al is dêr eins net ien foar.
"Het zal schraler worden. Door de hogere kosten zal het aantal dienstregelingsuren lager zijn dan de mensen gewend zijn", seit Fokkens.

Pineholledossier

De provinsje wie yn 2021 mei-inoar 52,8 miljoen euro kwyt oan it iepenbier ferfier yn de regio. Dy kosten noch fierder oprinne litte is neffens Fokkens gjin opsje. It iepenbier ferfier begjint dêrmei in aardich pineholledossier te wurden foar de deputearre.