Wetterskip ferheget wetterpeil fanwegen bliuwende drûchte

It wetterpeil yn de provinsje wurdt omheech brocht troch Wetterskip Fryslân. Der is de ôfrûne wiken te min rein fallen en der wurdt foar de kommende tiid ek hast gjin delslach foarsein.
Dykgraaf Luzette Kroon fan Wetterskip Fryslân © Omrop Fryslân
Mei de ferheging fan it peil yn sleatten besiket Wetterskip Fryslân de grûnwetterstân sa lang mooglik op nivo te hâlden. De grûnwetterstân is op dit stuit goed op nivo, troch de wiete winter. Mar troch de hegere temperaturen is it groeiseizoen no úteinset, en dat ûntlûkt in soad wetter út de grûn.
Troch it peil yn sleatten heger te hâlden fertraget it sakjen fan de grûnwetterstân. Om it peil heger te hâlden wurdt wetter út de Fryske boezemkanalen en -marren wei rjochting sleatten brocht.

Warskôging foar natuerbrannen

Veiligheidsregio Fryslân hat al warskôge foar brângefaar yn natuergebieten. Wa't de natuer yn giet wurdt oproppen der net te smoken, gjin glês op de grûn te smiten en auto's mei in waarme motor net yn heech gers te parkearjen.
Krekt as yn de rest fan Nederlân jildt yn Fryslân koade 2, dat betsjut dat natuerbehearders en helptsjinsten ekstra alert binne.