Flylân krijt foar it earst in eigen doarpshûs

De nije wenwyk Boswijk op Flylân is hast klear. Op it terrein fan soarchsintrum De Uiterton komt ûnder oare in doarpshûs en dat is foar it earst op it eilân.
Ympresje fan it nije doarpshûs © Gemeente Flylân
Fierder komme der in soarchfilla, studio's foar soarch en wenningen foar senioaren. It plan wie earst om der ek in wolwêzensgebou del te setten, mar dat moat no in echt doarpshûs wurde. Foar moetingen tusken de doarpsbewenners dus en aktiviteiten foar jong en âld.
Ferieningen sitte no op allegear ferskate plakken oer it eilân, fertelt inisjatyfnimmer Eline Lammens. "Dat was heel wisselend. De breiclub zat in museum De Noordwester, de seniorenvereniging zit steeds ergens anders. En het zeemanskoor heeft minder kunnen oefenen door corona. Die willen weer gaan beginnen in het dorpshuis."
Yn it nije doarpshûs krije ferieningen dus plak en is der gelegenheid foar gearkomsten. Der komt in romte fan fyftich kante meter mei in taap, in lûdsynstallaasje en in beamer.
Er moet reuring ontstaan, het moet gezellig worden.
Eline Lammens
Lammens is noch net sa lang aktyf op Flylân. Se is drok dwaande mei it doarpshûs. "Ik werk sinds begin maart voor de gemeente om wat leven in de brouwerij te krijgen. Er moet reuring ontstaan, het moet gezellig worden. Je merkt heel veel enthousiasme, maar er moet ook nog veel uitgeprobeerd worden."
Ympresje fan de nije wyk © Gemeente Flylân
Se fernimt dat der in ferlet is foar in plak om elkoar te moetsjen. Boppedat is der in soad entûsjasme foar aktiviteiten.
En dus net allinnich by âlderein. "Dat was wel eerst de bedoeling, dat het voor ontmoeting tussen ouderen was. Daarom heette het eerst ook het welzijnsgebouw. Maar we hebben het nu anders ingestoken, dat het echt een plek wordt voor jong en oud."

Ferbining

Want der wennet genôch jeugd op it eilân. Lammens hopet dat it doarpshûs foar ferbining soarget.
De bou is noch net hielendal klear, mar lang sil it net mear duorje. De nije namme fan it doarpshûs wol Lammens noch net ferklappe. Dy wurdt fan it simmer bekend, by de offisjele iepening.