Jongeren beprate strjityntimidaasje mei minister en wolle meldpunt

Jongereinorganisaasje Tienskip fynt dat yn de gemeente Ljouwert in meldpunt foar strjityntimidaasje komme moat. Neffens eigen ûndersyk hawwe sa'n twa op de trije jongelju dêr geregeld mei te krijen.
De jongelju fan Tienskip yn petear mei minister Hanke Bruins Slot fan Ynlânske Saken © Omrop Fryslân
It giet dan om saken as neiroppe en neifluitsje, útskelle en efterfolgje. Hjir wurdt yn 'e regel gjin oanjefte fan dien. Dêrtroch komt it probleem net foar yn de plysjestatistiken en kin it ek net oanpakt wurde.
Dat is wol nedich, want strjityntimidaasje jout in gefoel fan ûnfeilichheid en beheint foaral famkes yn harren bewegingsfrijheid.

Ek yn Ljouwert

In meldpunt foar strjityntimidaasje soe helpe kinne, tinke Naomi Kroese en Perrin Bottema fan Tienskip. Sy tinke nei foarljochtingsgearkomsten en ûndersyk op ferskate skoallen dat it probleem yn Ljouwert grif net lytser is as yn 'e grutte stêden yn it westen.
Mei de minister yn petear © Omrop Fryslân, Onno Falkena
De jongelju praten moandei yn Sint-Jabik oer it foarstel mei minister Hanke Bruins Slot fan Ynlânske Saken. Sy erkende it probleem en moedige de jongelju oan om foaral troch te setten mei harren aksje.
Kroese makket it sels ek mei, fertelt se. "Nageroepen of nagefloten worden, soms zelfs een stukje achtervolgd. Dat is denk ik niet een heel groot verschil met heel grote steden."
Se meldt sokke aaklike ûnderfiningen net by de plysje. "Dat is weer een heel grote stap, wat het lastig maakt. Dan denk je dat je het heel erg uit proporties trekt, terwijl mensen toch al snel zeggen: dat gebeurt, dat is nou eenmaal zo."
Naomi Kroese en Perrin Bottema fan Tienskip fertelle oer harren ûnderfiningen
It foarstel foar in meldpunt strjityntimidaasje stiet op 11 maaie op de aginda fan de Ljouwerter gemeenteried. Boargemaster Sybrand Buma advisearre de jongelju om foaral ek sels te kommen as de gemeenteried oer harren foarstel praat.