Alderearste elektryske kremaasje-oven fan Fryslân stiet op syn plak

It is in unyk ding: de earste elektryske kremaasje-oven fan Fryslân. De oven is yn it krematoarium fan De Pein op syn plak teakele.
De oven draait folslein op sinnepanielen en dat is moai yn tiden fan hege gaspriizen:
"Wy sitte neist Grinslân, mei syn allen moatte we dochs in stientsje bydrage en ik fyn it wichtich dat wy dat ek dogge", seit Astrid Bethlehem fan it krematoarium Wâldhôf yn De Pein.

Goede timing

De âlde gasoven is 17 jier lyn pleatst en moast ferfongen wurde. Om in duorsumensslach te meitsjen hat Bethlehem har hurd makke foar in elektryske oven. Mei de oarloch yn Oekraïne en de hege gasprizen is dit it perfekte momint foar it krematoarium.
It is wol in ynvestearring, om't dizze oven 1,5 kear djoerder is as in nije gasoven. Mar de nije oven hoecht net te kuoljen en dat skeelt wer enerzjy. Sinnepanielen op it dak sille de oven ferwaarmje. En op dagen dat der gjin sinne is, wurdt de opslach oan enerzjy brûkt sadat der wol kremearre wurde kin.
Der is spesjaal in gat yn it dak makke en in kraan wie nedich foar de grutte takelklus.

Emoasjes

It ferdwinen fan de âlde oven ropt ek emoasjes by Astrid Bethlehem op: "Der binne in hiel soad minsken by ús kremearre yn de rin fan de jierren, wêrûnder myn eigen âlden en as dan sa'n oven derút giet dan krije je dochs wol in brok in 'e kiel. Mar we krije der wat prachtichs foar werom."
De kremaasje-oven © Omrop Fryslân
Meiwurkers hoege by de nije oven net mear mei de hân kisten yn de oven te pleatsen. En troch spesjale spiralen sille stoflike omskotten net troch fjoer, mar troch hjitte fergean. De nije oven smyt ek minder CO2-útstjit op.
Neist de nije oven sil in part fan it krematoarium fernijd wurde. Om't hieltyd mear minsken kieze foar kremearjen en om ek it lêste stikje yn de ovenromte mei te meitsjen, krijt it in sfearfolle oanklaaiing.

Tydlik nei Dokkum

De oven moat noch ynregele wurde en meiwurkers krije trainingen, wêrtroch't de kommende wiken kremaasjes plakfine yn Dokkum yn stee fan De Pein. De plechtichheden yn Wâldhôf gean wol troch.