Slim ûngelok op Ljouwerter fleanbasis gebeurde mei heftruck op feest

It 'voertuig' wêrmei't moandeitejûn op de Ljouwerter fleanbasis in ûngelok west hat, wie in foarkheftruck. De twa militêren dy't swierferwûne rekken, binne yntusken operearre en bûten libbensgefaar.
It wie in kommen en gean fan de helptsjinsten:
It ûngelok barde op in feest fan "een squadron vliegeniers", seit in wurdfierder fan de Keninklike Maresjesee.
De maresjesee en de Ynspeksje Feilichheid Definsje dogge ûndersyk nei de tadracht fan it ûngelok. Hoe't de heftruck brûkt waard, is net dúdlik. Wol is bekend makke dat it "niet tijdens werkzaamheden" brûkt is.
De twa ferwûne militêren soenen ek fleaners wêze, befêstiget in wurdfierder fan Definsje.
De helptsjinsten op de fleanbasis © CAMJO media
De melding fan it ynsidint kaam krekt nei 21.00 oere. Ferskate helptsjinsten, wêrûnder in traumahelikopter, kamen nei it plak fan it ûngelok. Oant jûns let wienen de helptsjinsten drok dwaande.
Oer de identiteit fan de slachtoffers wurde gjin meidielingen dien.