SportCast: "Foar it earst dat Hearrenfean en Cambuur sa tichtby inoar sitte"

Ien punt sit der tusken sc Hearrenfean en SC Cambuur op de ranglist fan de earedivyzje. It makket de spanning allinnich mar grutter foar de Fryske derby fan oankommende snein.
Yn de SportCast sjogge wy foarút op de wedstriid mei twa spilers dy't beide klups tsjinne hawwe. Lucas Bijker spile earst fjouwer jier by SC Cambuur, doe't er de direkte oerstap makke nei it Abe Lenstra Stadion.
Hy wit mar al te goed hoe't de Fryske derby libbet by beide klups. "In Heerenveen is de haat en de vijandigheid minder breed gedragen. In Leeuwarden komen er veel meer mensen op af, dat zie je aan de training voorafgaand aan de derby", fertelt Bijker.

Konkurrinsje

Geert Jelle de Vries spile sân wedstriden foar sc Hearrenfean, wêrnei't er oerstapte nei Cambuur. Dêr kaam er 28 duels yn aksje. Hy tinkt dat it elkoar as rivaal sjen by beide klups gelyk is. "De wize wêrop je it uterje, dêr sit it ferskil yn. Yn Ljouwert is de yntinsiteit heger."
Sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber, Geert van Tuinen en Arjen de Boer prate dy yn de SportCast ôfwikseljend alle moandeis by oer al it fuotbalnijs, faak mei in nijsgjirrige gast út de sportwrâld. Sa no en dan behannelje sy ek oare ûnderwerpen.
De SportCast is ek te beharkjen op Spotify, by Apple Podcasts en yn de podcast-apps. Dêr binne ek alle eardere SportCasts werom te harkjen.
De Vries sjocht hiel bot út nei de derby. "Ik tink dat de situaasje net faak sa west hat. Der sit mar ien punt ferskil yn. Ek kwa fuotbal sit der net in soad ferskil yn kwaliteit. It is foar it earst dat it sa ticht byinoar sit", seit de âld-ferdigener.
Als ze dat niveau halen, dan kunnen ze zeker de drie punten pakken.
Lucas Bijker oer it spul fan Cambuur foar de winterstop
Wol sil Cambuur om it spannend te meitsjen wat mear sjen litte moatte as yn de twadde seizoenshelte. Njoggen fan de tolve duels giene ferlern.
Dochs tinkt Bijker dat de Ljouwerters kâns meitsje. "Heerenveen is in principe de grote club, maar als je ziet wat Cambuur voor de winterstop heeft laten zien. Als ze dat niveau halen, dan kunnen ze zeker de drie punten pakken."
By Hearrenfean is it krekt oarsom. Dêr sit de fleur der wer yn, sjocht De Vries. "It fuotbal hat lang net leuk west om nei te sjen. Dat wurdt de lêste wedstriden better, mei as hichtepunt de wedstriid tsjin FC Grins. By Cambuur is it oarsom. Dy fuotbalje de leste wiken best wol aardich, mar se winne noait. Se hawwe net it gelok mei wat se yn it begjin wol hiene."
Omrop Fryslân docht snein wiidweidich ferslach fan de Fryske derby. Der is in ekstra sportprogramma op de radio fan 11.00 oere oant en mei 15.00 oere. Der binne foarbeskôgingen mei de beide haadtrainers, fansels is der live-ferslach fan de Fryske derby en der binne analyzen.
Dy komme fan Lucas Bijker en Geert Jelle de Vries, dy't beiden by Hearrenfean én Cambuur spilen. De presintaasje fan it programma is yn hannen fan René Koster. It ferslach fan de wedstriid, dy't om 12.15 oere úteinset, komt fan Roelof de Vries en Andor Faber.