Tal Fryske greidefûgels stabilisearret: "Dat is goed, maar het kan beter"

De greidefûgelpopulaasje yn Fryslân liket te stabilisearjen. Maatregels foar behâld en beskerming lykje goed út te pakken. Mar it kin en móat better, fynt lektor greidefûgelbehear Astrid Manhoudt fan hegeskoalle Van Hall Larenstein.
Lektor greidefûgelbehear Astrid Manhoudt fan hegeskoalle Van Hall Larenstein © Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
Manhoudt hat mei studinten, ûndersikers en boeren ûndersocht hoe't it greidefûgelbehear ferbettere wurde kin. Sy presintearre de útkomsten by in sympoasium op de Dairy Campus yn Ljouwert.

Stapke ekstra

"We gaan de goede kant op. In de beheerde gebieden nemen we de goede maatregelen", seit Manhoudt.
Om dy stabilisaasje te behâlden en om te draaien de goede kant op moat allinnich noch mear dien wurde. "We doen dus nog niet genoeg. Nu is er een lichte stabilisatie. We moeten dus meer doen aan zwaar beheer, hoogwaterpeil, het onder andere aanleggen van zogenaamde plasdrasgebieden."
Astrid Manhoudt
Der moat dan ek in goede fergoeding foaroer stean foar boeren. "De weidevogels zitten bij de boeren in het hart. Maar het maakt het boeren wel ingewikkelder, want de opbrengst gaat omlaag. Er moet wel wat tegenover staan. Het is niet alleen goed rentmeesterschap. Dat is de basis, maar daar kun je geen boterham mee beleggen."

Mei yn it ûnderwiis

Krûderyk gerslân soe ek helpe kinne. It smyt moaie skûlplakken op foar de pykjes en der binne ek mear ynsekten. Foar boeren is it foardiel dat it moai hea makket en dat it de wjerstân fan it fee ferbetteret.
"De boeren die er nu mee bezig zijn gaan er mee door. We nemen het mee in het onderwijs bij jonge studenten. Dat moet dit soort initiatieven voor de toekomst veiligstellen", seit Manhoudt.

Predaasjeprobleem

Predaasje bliuwt in probleem. Manhoudt wol it no oars yn de gaten hâlde: "We gaan toe naar een monitoringssysteem van een jaar. Dan weet je beter waar de predatoren voorkomen en ook wat het beste moment is om het beheer in een gebied aan te passen of dat je in een gebied predatoren als vossen en wilde katten moet afschieten."
In skries op in peal © Shutterstock.com (Bouke Atema)
Dat is al in lêste rêdmiddel, sa seit de lektor: "Het liefst wil je een ecosysteem hebben dat werkt. Dus waar voldoende weidevogels zijn die elkaar beschermen tegen die predatoren. Er moet dan alleen ook voldoende alternatief voedsel zijn voor die predatoren."

Utopia yn Fryslân

In provinsje dêr't it wer optilt fan de fûgels, dêr't je as je troch de greiden rinne rûnom greidefûgels hearre en boeren dy't rendabel buorkje.
It klinkt as Utopia, mar it kin, sa tinkt Manhoudt. "Ik denk het wel. Maar daar zijn we nog lang niet. Er wordt hard gewerkt om dat te creëren. Er zijn al goede voorbeelden dat het kan maar het ontbreekt dan helaas nog wel aan toekomstperspectief."