Frjentsjer is dekôr fan Expeditie Next; lanlik wittenskipsfestival foar bern

Frjentsjer stiet 6 maaie yn it ramt fan de wittenskip. Bern kinne op ferskillende plakken yn de âlde universiteitsstêd aktiviteiten dwaan en workshops bywenje op it Nationaal Wetenschapsfestival.
© expeditienext.nl
It festival Expeditie Next wurdt organisearre troch de Nederlandse Organisatie voor Wetenschappelijk Onderzoek (NWO) mei as doel om bern tusken de 6 en 12 jier entûsjast te meitsjen foar wittenskip. Se krije in Expeditieboek mei seis ekspedysjes by ferskillende plakken yn de stêd mei opdrachten, moetingen mei wittenskippers, puzzels en eksperiminten.
"Er zijn meer dan 100 activiteiten, kinderen kunnen zelf dingen doen en demonstratie bijwonen en wetenschappers vertellen over hun onderzoeken", seit Marcel Levi, hy is foarsitter fan de NWO. "Er is voor iedereen wat leuks beleven."
It Eise Eisinga Planetarium is te besjen en Museum Martena. Ek Naturalis, Thialf en it Groninger Museum dogge mei.
Tal fan bekende Nederlanners komme, lykas Diederik Gommers en Anna Gimbrère. Presintator Klaas van Kruistum docht de 'Grote Feit of Fabel Quiz.'

Tagonklik meitsje

It doel is om de soms drege wittenskip tagonklik te meitsjen. "Het is een landelijk evenement maar er doen ook Friese onderzoekers mee, zoals het waterinstituut Wetsus en er is aandacht voor de nationale vogel, de grutto. De GGZ is er ook en demonstreert hoe je met een Virtual Reality-bril hoogtevrees kunt overwinnen."
De NWO hat bewust foar Frjentsjer keazen. "Franeker is de oudste universiteitsstad van Nederland en we wilden nu eens niet in het Westen zitten."
Al in soad minsken, famyljes en skoalklassen, ha har oanmeld út it hiele lân. "Je kunt er een hele dag zoet zijn, Franeker is een leuke stad." De hiele binnenstêd is ien grut festivalterrein fol wittenskipsaktiviteiten en der is ek fermaak foar elkenien.
© NWO
Expeditie NEXT is ûnderdiel fan Arcadia, it 100 dagen duorjende kulturele evenemint mei omtinken foar de takomst fan mienskip, lânskip en erfgoed.
Kaartsjes foar bern binne fergees, foar folwoeksen 7,50 euro (ynklusyf twa konsumpsjemunten). It festival is fan 11:00 oant 18:00 oere. Sjoch op de webside foar mear ynformaasje. Dizze wike binne by de radioprogramma's No derfoar! en Goeiemiddei kaarten te winnen.