Nij hynder besoarget Van der Horst sukses by debút

Har nije hynder moat amazône Rixt van der Horst paralympysk sukses bringe. De earste wedstriid mei Akuna Matata jout yn alle gefallen goede hoop.
Rixt van der Horst mei Akuna Matata © Arjen Bosselaar, Omrop Fryslân
Van der Horst presintearre har nije Dútske merje twa wiken lyn yn Oranjewâld. Oer twa jier wol de Grouster amazône goud pakke mei Akuna Matata yn Parys.
Ofrûne wykein wie yn it Waregem it debút fan it nije hynder mei Van der Horst op de rêch. Op alle trije wedstriiddagen yn België pakten se de oerwinning.
Rixt van der Horst (26 jannewaris 1992) waard tsien wiken te betiid berne. Se hat dêr ferskate beheiningen oan oerhâlden, lykas scoliose. Scoliose is in ferkromming oan de rêchbonke. Dêrtroch rint se muoilik.
It bemachtigjen fan Akuna Matata wie net samar klear. Dêr wie ûnder oare de help fan sponsoaren foar nedich, lykas it Foppe Fûns.
Oer in moanne is it Nederlânsk kampioenskip. Dêr moat Van der Horst punten pakke om har te pleatsen foar it wrâldkampioenskip letter dit jier.