Meiwurkers Nij Smellinghe wurde better oplaat foar palliative soarch

Meiwurkers fan sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten wurde de kommende tiid better oplaat foar de soarch oan minsken mei in ûngenêslike foarm fan kanker. It giet dan ûnder oare om it jaan fan bettere geastlike stipe.
Mear omtinken, dêr draait it om:
Dêr is yn de besteande opliedingen te min omtinken foar, sa fynt ûnder oare it KWF. Dat komt dêrom mei in neiskoallingsprogramma. Dat begjint yn it noarden fan Nederlân, mar is úteinlik bedoeld foar it hiele lân.
Nij Smellinghe yn Drachten © Omrop Fryslân, Darshan Boerema
Ut ûndersyk fan Nivel die yn 2020 bliken dat hast twa tredde him net genôch oplaat fynt op it gebiet fan palliative soarch. It is gjin standert ûnderdiel fan de mbo-, hbo- en wo-opliedingen. Dêrneist is der in tekoart oan goed oplate dosinten mei praktykkennis om alle soarchferlieners goed op te lieden.
Welke behandeling? Wat vind ik echt belangrijk? Hoe kijk ik tegen mijn levenseinde aan?
Jannie Oskam hat in soad fragen en is bliid wannear't dokters dy't dat begripe
Jannie Oskam hat ûngenêslike boarstkanker en is bliid dat der mear omtinken komt foar it oplieden fan it soarchpersoniel. "Je leven is onzeker en dat roept angst en spanning op. Daarbij komen allerlei vragen op je pad: Welke behandeling? Wat vind ik echt belangrijk? Hoe kijk ik tegen mijn levenseinde aan?", seit Oskam.
"Het is dan fijn om artsen en verpleegkundigen te treffen die herkennen en begrijpen wat je meemaakt en die zich verdiepen in wie je bent en samen met jou kijken wat je nodig hebt."

Lytse opmerkingen, grutte gefoelens

Se kin fuort fernimme oft in soarchferliener doel hat oer palliative soarch. "Kleine vragen of opmerkingen kunnen grote gevoelens bij je raken. Het is dan ook mijn diepe wens dat alle zorgverleners opgeleid zijn in de palliatieve zorg."
Op tongersdei 12 maaie begjint de earste groep ferpleechkundigen yn Zwolle mei de neiskoalling.