Tichelaar Makkum blaast 450 kearskes út: it hiele jier jubileumfeest

Keninklike Tichelaar fiert dit jier in 450-jierrich bestean. It ierdewurkfabryk yn Makkum bestiet al wis sûnt 1572 en is ien fan de âldste bedriuwen yn Nederlân. It hiele jier troch binne der festiviteiten.
Direkteur Jan Kok fan Tichelaar yn Makkum © Omrop Fryslân, Johanna Brinkman
Al iuwen fynt de Fryske klaai út Makkum wei syn paad nei arsjitekten en ûntwerpers oer de hiele wrâld.
De âldst bekende fermelding fan it stienfabryk is in oantekening op in militêre kaart dy't om 1572 hinne makke is, yn opdracht fan Caspar de Robles, dy't steedhâlder fan Fryslân waard. Dit fabryk stiet eksakt op it plak dêr't Keninklike Tichelaar letter wie. De famylje Tichelaar is sûnt 1640 belutsen by it bedriuw.
Op de 16e-iuwske kaart stiet rjochts de 'bricaria' (stienfabryk) oanjûn © Ondernemersvereniging Makkum
It fabryk spile fierder in wichtige rol by de opbou fan Amsterdam. "Er wordt gezegd dat de helft van Amsterdam gemaakt is van tegels uit Makkum. Rond die tijd is Makkum een enorm bolwerk geweest van steenfabrieken. Veel huizen in Amsterdam zijn gemaakt van de stenen uit Makkum", seit Ties Hartman fan de Stichting Frysk Tichelwurk.

Tal fan aktiviteiten

Yn de simmer fiert Tichelaar it jubileum, yn 'e mande mei ynwenners, ferieningen en bedriuwen yn Makkum. Op 12 april is it startsein jûn.
Fan 13 augustus ôf litte trije designateliers in ynteraktive presintaasje sjen yn it âlde fabryk oan de Turfmerk. Humade, Oer en Smogware ferkenne de mooglikheden foar it ferwurkjen fan havenslyk, fynstof en izerôffal fan suvere grûnwetter yn glazuer. De syktocht nei duorsume techniken wurdt organisearre troch Stichting Frysk Tichelwurk.
It âlde fabryk fan Tichelaar oan de Turfmerk © Ondernemersvereniging Makkum
"Wij zijn trots dat we dat hier mogen organiseren, op de plek waar het 450 jaar geleden allemaal begon", seit Hartman fan de stichting. "Ons artist-in-residence programma is een bijzondere combinatie van design, duurzaamheid en ambacht."
Fierder is der gearwurking socht mei Keramykmuseum Princessehof: dêr is tusken 4 juny en 30 oktober de spesjale tentoanstelling Tichelaar & Humade te sjen.
Keramiekmuseum Princessehof yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Sian Wierda
Yn de Waach fan Makkum begjint op dizze dei in tentoanstelling oer de Gouden Iuw fan Makkum. Om 1700 hinne wie Makkum in 'booming' plak, dêr't it goed gie mei de ekonmy en fan wêrút der in soad produkten ferkocht wurden oer hiel Europa.
De eksposysje wurdt opset troch Stichting Ald Makkum, Pleatslik Belang Makkum en it Fries Film en Audio Archief.
Op 3 augustus is der op de Grutte Sylroede in optreden fan de 'Drijvende Diva': een teätrale muzykútfiering op it wetter, opset troch Ondernemersvereniging Makkum.
Ties Hartman fan de Stichting Frysk Tichelwurk