FryslânDOK: 'De Fryske 'konsul' fan de Molukken

Karel Wielenga siet yn de trein dy't ein 1975 by Wijster kaapt waard troch Molukkers. Nei syn befrijing woe er witte wat dy jonges yn 'e holle hiene om soks ferskrikliks te dwaan.
De FryslânDOK 'De Fryske 'Konsul' fan de Molukken' is te sjen op 23 april by NPO2 en op 24 april by Omrop Fryslân.
Karel Wielenga gong noait mei de trein. Mar foar in sakereis mei kollega's op 2 desimber 1975 wol, sadat se ûnderweis saken beprate koene. Neidat de trein tusken Hoogeveen en Beilen mei de needrem ta stilstân kaam, stoarme in wapene Molukker de kûpee yn.
Treinkaping bij Wijster © NOS
Karel Wielenga besocht him it gewear ôf te pakken, dat ôfgong mei in skot troch de flier hinne. Doe't bliek dat der noch seis kapers wiene, liet Wielenga it gewear los en lei er de hannen yn 'e nekke. Hy waard fêstbûn op de stoel fan de masinist. Yn de film fertelt er hoe't hy syn eksekúsje wist foar te kommen.
Ein treinkaping Wijster © NOS
Trije minsken, de masinist en twa passazjiers, waarden by de gizeling deasketten. Tolve dagen letter joegen de kapers harren oer en waard Karel Wielenga befrijd. Hy woe begripe wat dizze sân jonge mannen beweegd hie.
De makker fan de FryslânDOK Anne van Slageren
Tegearre mei syn frou socht er de âlden op en krige begryp foar de lilkens achter de aksje. Wielenga begûn him yn te setten foar de Molukske saak en de betinking fan de trije Nederlânske slachtoffers.
Karel Wielenga thús yn Wâldsein © Omrop Fryslân
'De Fryske 'Konsul' fan de Molukken' fertelt it ferhaal fan in man dy't, tsjin de achtergrûn fan in yngewikkelde koloniale skiednis, besiket as in ferbiner tusken it Nederlânske en it Molukske folk te stean. De dokumintêre is makke troch Anne van Slageren en Piter Tjeerdsma.
Karel Wielenga © Omrop Fryslân
FryslânDOK 'De Fryske 'Konsul' fan de Molukken'
Sneon 23 april NPO2 15.30 oere (werhelling 24 april 13.10 oere)
Snein 24 april Omrop Fryslân 17.00 uur (werhelling elts oere)
FryslânDOK wurdt Nederlânsk ûndertitele.