Nei alle gedachten wer in wolve-oanfal yn Fryslân: fiif skiep dea by Makkingea

In wolf hat nei alle gedachten taslein yn de nacht fan tongersdei op freed yn Makkingea. Fiif skiep hawwe it net oerlibbe. Der rekken ek noch wat bisten ferwûne.
In dea skiep © Harry Elsinga
De skiep stiene yn in stik lân dat ôffredige wie mei skriktried. Dat wie net genôch om de wolf tsjin te hâlden.
De deade skiep by Makkingea © Harry Elsinga
De wolf is al in hiel skoft in punt fan diskusje yn Fryslân. Nei't yn april 2018 in tal skiep deabiten waarden by Boyl, kaam nei DNA-ûndersyk foar it earst fêst te stean dat de wolf aktyf wie yn Fryslân.

Fan stek oant territoarium

Dêrnei barde it hieltyd faker dat bisten oanfallen waarden troch in wolf. It smiet in protte reaksjes op. Guon boeren woenen dat der op de wolf jage wurde soe, mar dat mei net, want de wolf is in beskerme bist.
Letter ûntstie de rep foar in wolvestek, in stek fan 150 kilometer om Fryslân hinne om de wolf te kearen, mar der binne ek minsken dy't bliid binne mei de wolf. Sa hat de Partij voor de Dieren by wize fan protest tsjin it wolvestek it bist mei spandoeken ferwolkomme.
Ein 2021 besleat Deputearre Steaten om in gebiet yn it súdeasten fan Fryslân oan te wizen as in spesjaal territoarium dêr't wolven komme meie. It plan is dat eigeners fan fee yn it territoarium subsydzje krije kinne om maatregels te nimmen om it fee te beskermjen tsjin de wolf.