Tobiasen wol tsjin AZ eksperimintearje mei Arjen van der Heide

Omdat Ole Tobiasen tsjin AZ gjin berop dwaan kin op Rami Kaib en Ibrahim Dresevic (beide skorst) en Joost van Aken (blessearre) sil hy tsjin AZ ymprovisearje moatte.
Ole Tobiasen sjocht foarút op de wedstriid tsjin AZ:
Dêrby is der mooglik in opmerklike rol weilein foar Arjen van der Heide. Tobiasen tinkt deroer om de oanfaller as linksback op te stellen.

Toverformule

Tobiasen liet syn ploech foar it earst mei in fiifmansferdigening spylje yn de útwedstriid tsjin RKC Waalwijk (12 maart). Yn dizze formaasje waard dêrnei net mear ferlern en hat de ploech him knap út de degradaasjesône fuotballe. It leafst hâldt Tobiasen sa lang as mooglik fêst oan dizze toverformule.
Tobiasen: "Het heeft zeker goed uitgepakt en dat heeft ook gezorgd voor veel vertrouwen binnen de spelersgroep. Dus ja, ik wil wel zo lang mogelijk vasthouden aan dit systeem, maar er moeten geen blessures meer bijkomen, want dan word je alsnog gedwongen om met vier verdedigers te gaan spelen."
Arjen is zeker een optie voor de linksbackpositie.
Ole Tobiasen oer de rol fan Arjen van der Heide
Tsjin AZ ûntbrekke in soad ferdigeners troch skorsings en blessueres. Efter de namme fan Joost van Aken stiet in grut fraachteken.

Van der Heide linksback?

Tobiasen: "Het is inderdaad wel een beetje dunnetjes." Ien fan de opsjes dy't Tobiasen oerwaget, is om Arjen van der Heide as linksback op te stellen. Lucas Woudenberg komt yn dat gefal links sintraal te stean.
Ferwachte opstelling sc Hearrenfean: Mulder; Van Ewijk, Van Beek, Bakker, Woudenberg, Van der Heide; Haye, Tahiri, Halilovic; Van Hooijdonk en Sarr.
"In de oefenwedstrijd tegen NEC heeft Arjen die rol goed ingevuld. Hij heeft natuurlijk hele goede aanvallende kwaliteiten, maar het is wel even zoeken. Hij hoeft op die positie niet meteen een actie te maken, maar moet anderen bedienen. Maar Arjen is zeker een optie voor de linksbackpositie", seit Tobiasen.
AZ stiet fiifde, mar de ploech fan Pascal Jansen prestearret de lêste wiken hiel wikselfallich. Benammen it lêste ferlies thús tsjin PEC Zwolle kaam hurd oan (0-1). Hearrenfean hat de lêste fiif wedstriden net mear ferlern.
De wedstriid AZ - sc Hearrenfean is sneontejûn fan 18.45 oere ôf live te folgjen by Omrop Fryslân Radio. It kommentaar is fan Arjen de Boer.
Dizze wike waard bekend dat Kees van Wonderen nei alle gedachten takom seizoen syn fêste assistint Paul Simonis meinimme sil nei it Abe Lenstra stadion.
De takomst fan Tobiasen is dus ûnwis: "Ik heb nog contract voor één jaar als assistent-trainer. Dit zijn vragen voor Ferry (de Haan) of voor Cees (Roozemond). Ik weet hier ook niets vanaf, of dat daadwerkelijk zo is en wat dan zijn rol eventueel gaat worden. Misschien wordt hij wel video-analist. Ik wacht wel af wat er precies gaat gebeuren. Toen ik hier voor twee jaar tekende wist ik dat er misschien wel een nieuwe trainer zou komen. Dat is nu dus exact wat er gebeurt."