Shorttrackers by Akkrumer Keningsspelen: “Kinderen aanmoedigen"

Rûnom yn de provinsje hawwe basisskoallebern meidien oan de Keningsspelen met it tema 'Fiel dy fit'. Sa ek yn Akkrum, dêr't in pear ferneamde shorttrackers op besite kamen.
It gie der om wei yn Akkrum:
Foar learlingen fan OBS Akkrum en de Ds. Hasperskoalle begûn de dei mei in warming-up fan shorttrackers Daan Breeuwsma en Rianne de Vries.
Op in grut poadium foar de skoallen trapen de twa reedriders de dei ôf, mei eleminten út it reedriden yn harren warming-up. Direkteur Henk Hooijveld fan OBS Akkrum is út de skroeven mei it moaie waar: "Geweldig, al die blije kinderen die er zijn. Een grote luxe dat je met dit weer zo buiten kunt zijn."

Sport oanmoedigje

Nei't de bern de bern warming-up en in moarnsbrochje efter de rêch hawwe, is it tiid foar sport. De skoalle wurket gear mei ferieningen út de omkriten, lykas as kuorbalferiening Mid-Fryslân.
Daan Breeuwsma en Rianne de Vries by de Keningsspelen yn Akkrum © Omrop Fryslân, Earryt Sijens
Direkteur Hooijveld: "Het is vandaag snuffelen aan andere sporten." De Vries en Breeuwsma fine it wichtich dat sport op skoalle oanmoedige wurdt: "Ik hoopje dat de bern hjir troch sportyf bliuwe en miskien nei ferieningen gean. It is leuk om in stikje fan ús sport sjen te litten."

Corona

Learling Sterre fynt dat de Keningsspelen eltse wike wol weromkomme meie: "Het is een hele leuke dag, een feestelijke dag. Iedereen is oranje en ik zie allemaal vlaggetjes en hoedjes."
De lêste twa jier koenen de Spelen net trochgean fanwege it coronafirus. Hooijveld: "Klassen mochten niet bij elkaar komen, ouders waren er niet. Dit is weer een grote happening, zoals het nu kan."