HEA! Passy foar twaddehânsk

Klaas en Elly Koning fan De Gordyk komme noait mei lege hannen thús nei in dei strunen troch ferskate kringloopwinkels.
HEA! Klaas & Elly nei de kringloop
Harren eigen hûs is sa kreas as in krúsbei. De latte leit heech, Klaas en Elly kroadzje lang net alles mei nei hûs. "Alles wat hjir yn hûs oan assessoiren stiet, is twaddehânsk. Wy skrikke derfan as we sjogge wat saken nij yn de winkel kostje."