Fiif jier sel en tbs mei betingsten foar pyromaan fan Harns

De 25-jierrige Ljouwerter dy't ferantwurdlik holden wurdt foar njoggentjin brannen yn Harns, is feroardiele ta fiif jier selstraf en tbs mei betingsten.
Ien fan de brannen yn Harns © CAMJO media
It Iepenbier Ministearje easke begjin april sân jier selstraf en tbs mei twangferpleging. Dat der net foar sân jier keazen is, hat te krijen mei de jonge leeftiid fan de man en it advys dat saakkundigen earder joegen. Dy advisearren ek fiif jier en tbs mei betingsten.
De man hat boppedat te lijen fan ferskate steuringen mei borderline, pyromany en alkoholmisbrûk. Neffens de rjochter kinne de feiten him dêrom minder tarekkene wurde. As er jûns op 'en paad gie, hie de man altyd dronken. Hy wenne doe noch yn Harns.

Tsientallen brannen

De brannen wiene tusken jannewaris 2019 en febrewaris 2021. Yn dy perioade hawwe der sa'n 60 brannen west yn Harns, benammen yn de Oosterparkwijk en Plan-Zuid. Yn seker 22 gefallen wie der sprake fan brânstichting.
Yn 't earstoan gie it om hokjes en auto's, mar letter rjochte de man him ek op huzen. Neffens de rjochtbank hat de man 'langdurig bijgedragen aan het gevoel van onrust en onveiligheid' yn Harns. Dat hy kwetsbere minsken yn gefaar brocht, wurdt him swier oanrekkene.
Nei't de plysje yn juny dit jier kamerabylden dield hie, kamen der tips binnen. It ûndersyk late lang om let nei de Ljouwerter. Hy waard begjin augustus oanholden en mei dna-bewiis kaam fêst te stean dat er echt ferantwurdlik wie.
Njonken de selstraf en tbs mei betingsten moat de man ek hast 17.000 euro oan skeafergoeding betelje.