PvdA Fryslân wiis mei kar foar Attje Kuiken: "Fries gezicht in Den Haag"

Attje Kuiken is de nije fraksjefoarsitter fan de PvdA yn de Twadde Keamer. Sy is foar in part yn Fryslân grutbrocht. PvdA Fryslân fynt it in goede kar en hopet dat sy de bân mei it Noarden waarm hâldt.
Attje Kuiken yn de Twadde Keamer © ANP
Attje Kuiken waard yn 1977 bern yn Grins en groeide op yn Hoogezand-Sappemeer. Doe't sy tsien wie, ferhuze sy nei Ferwert. Kuiken waard grutbrocht troch har mem. Sy hat letter wol ferteld dat it troch finansjele soargen gjin maklike tiid wie.

Skoalle yn Ljouwert en Dokkum

Kuiken gie fan 1990 ôf nei it vwo oan it Dockinga College yn Dokkum. Seis jier letter begûn sy oan in stúdzje bestjoerskunde oan de Thorbecke Academie, by it NHL yn Ljouwert.
Dêrnei folge sy in stúdzje oan de Universiteit van Tilburg en yntusken wennet Kuiken al skoften yn Breda. Dêr is sy yn 2010 ek mem wurden fan in dochter.
Sy begûn as beliedsmeiwurker by in ministearje en rjochtte yn Breda in ôfdieling fan de Jonge Socialisten op. Sûnt 2006 is Kuiken lid fan de Twadde Keamer.
Kuiken wie tusken 2016-2017 al earder foarsitter fan de Twadde Keamerfraksje, doe't Diederik Samsom in stap werom die. No komt sy werom yn dizze funksje.
Kuiken yn har earste jier as Twadde Keamerlid, yn 2007 © ANP
De provinsjale PvdA-fraksje yn Fryslân kin him fine yn de kar foar Kuiken. "Het lijkt mij een prima keuze. Die moet altijd uit de fractie komen en Attje heeft het eerder gedaan. Ze heeft veel ervaring en ze is na Lilianne Ploumen ook wel het gezicht van de fractie", sa is fraksjefoarsitter Hetty Jansen fan betinken.
Fraksjefoarsitter Hetty Janssen fan PvdA Fryslân © Omrop Fryslân
Hoewol't Kuiken der net op keazen is, tinkt Janssen wol dat sy it Noarden mear foar it fuotljocht bringe kin. "Het is altijd goed dat je iemand hebt die connecties met Fryslân heeft. Al is het meer zodat onze fractie een gemakkelijke ingang heeft in Den Haag."
Dit wie de reaksje fan Attje Kuiken:
Dat is der yn feite ek al mei Twadde Keamerlid Habtamu de Hoop. "Dus het Friese gezicht in de PvdA-fractie in de Tweede Kamer is best wel groot."

"Meer aandacht voor de regio nodig"

Wol fynt Janssen yn 't generaal noch dat de Twadde Keamerfraksje mear omtinken hawwe moat foar de regio. "Zeker in vergelijking met de aandacht die er is voor de problematiek in de Randstad."
Ferline jier wie Kuiken op It Hearrenfean om har foar Thialf yn te setten © Omrop Fryslân
Lyk as har foargonger Ploumen wil Kuiken de gearwurking mei GrienLinks fierder útbouwe. Mar wol yn oerlis mei de efterban. Dat sprekt Janssen wol oan. "Gebruik maken van de ervaring van de gemeenteraden in het land."

Ek gearwurkje mei SP en PvdD

Mar wat Hetty Janssen oanbelanget mei de gearwurking noch wol wat breder as GrienLinks allinne. "Daar kan ik mij persoonlijk in vinden. Op de linkerflank zijn er meer fracties. Als ik zie waar wij in de Staten mee samenwerken, dan is het naast GroenLinks ook met de SP en de Partij voor de Dieren."
Fraksjefoarsitter Hetty Janssen fan de PvdA yn Provinsjale Steaten