Oprop SvPO-skoallieders oan bestjoerder: stap op, yn belang fan de skoallen

De lieders fan de acht SvPO-skoallen, wêrûnder dy yn Hurdegaryp, sizze it fertrouwen op yn it bestjoer fan de skoalgroep. Se freegje bestjoersfoarsitter Misha van Denderen om op te stappen.
It Tjalling Koopmans College (SvPO Hurdegaryp) © Omrop Fryslân
Underwiisminister Dennis Wiersma sei ferline wike ek dat Van Denderen opstappe moat. Oars makket it Ryk gjin jild mear oer nei de skoalstichting.
Oanlieding is in ûndersyk fan de ûnderwiisynspeksje. Dêrút die bliken dat foar goed 22 miljoen euro oan publyk jild ûnrjochtmjittich bestege is. Likernôch 16 miljoen euro dêrfan is by private stichtingen bedarre dêr't de skoalbestjoerder sizzenskip yn hat.

Oerdrage oan opfolger

Van Denderen soe in 'demisjonêre rol' oannimme moatte oant er it bestjoer oerdroegen hat oan in opfolger, wat de skoallieders oanbelanget. De lieder fan it Tjalling Koopmans College, dat is de SvPO-skoalle yn Hurdegaryp, is Lars Engelse.
"We menen dat deze wisseling de enige mogelijkheid is om de rust op de scholen te waarborgen, de wervingskansen ten positieve te keren en de kwaliteit van het onderwijs te verbeteren", skriuwe de skoallieders yn in brief.
We zijn op een punt aangekomen dat we van mening zijn dat de scholen slechts een realistische kans op doorstart hebben wanneer de schoolleiding unaniem afstand doet van het huidig bestuur.
De SvPO-skoallieders
"Hoewel we zeer erkentelijk zijn voor de rol van Misha van Denderen als oprichter van de scholengroep, zijn we op een punt aangekomen dat we van mening zijn dat de scholen slechts een realistische kans op doorstart hebben wanneer de schoolleiding unaniem afstand doet van het huidig bestuur."

Skoallieders steane achter konsept

De skoallieders binne ree om it nije bestjoer te stypjen. Se leauwe noch hieltyd yn it ûnderwiiskonsept fan de SvPO: lytsere klassen, minder húswurk en mear frijheid.
It brief fan de skoallieders is net allinnich nei it bestjoer fan de SvPO stjoerd, mar ek nei ûnderwiisminister Wiersma.