Rekôrstiging hûzeprizen: keapwenning hast in kwart djoerder as ferline jier

De priis fan keaphûzen is yn ien jier noch nea sa hurd tanaam as no. Yn it earste kwartaal wie in hûs yn Fryslân gemiddeld 22,8 prosint djoerder as in jier earder.
© Omrop Fryslân, Mats Gies
Dat blykt út ûndersyk nei de priisûntwikkeling fan de besteande partikuliere keapwenten yn Nederlân troch it Centraal Bureau voor de Statistiek en it Kadaster.

Minder ferkocht

Yn it earste kwartaal fan 2022 binne der 29,1 prosint minder keapwenten fan eigener wiksele yn ferliking mei in jier earder. Yn alle Nederlânske provinsjes wie it tal transaksjes leger.
Yn Utrecht wie de delgong mei 38,6 prosint it grutst, Fryslân stiet mei de 29,1 prosint op in tsiende plak fan de tolve provinsjes.
Yn acht provinsjes lei de priisferheging fan keaphûzen heger as 20 prosint. Mei 25 prosint wie yn Flevolân de groei it grutst. Fryslân stiet mei de stiging fan 22,8 prosint op in fjirde plak fan alle provinsjes.
Omrop Fryslân stjoerde ôfrûne wykein dizze dokumintêre oer de hûzemerk út: