Undercover as wurkman, memoires oer resjerzjewurk fan hûndert jier lyn

In boek oer de Frysk-Amsterdamske resjersjeur Marten Veenstra (1893-1963) brocht syn pakesizzer en de pakesizzer fan in moardner, waans saak yn it boek beskreaun wurdt, byinoar.
De Frysk-Amsterdamske resjersjeur Marten Veenstra kaam undercover in soad te witten © Eigen foto
Marten Veenstra fan Langsweagen ferhuze begjin foarige iuw nei Amsterdam. Dêr gie er yn 1915 oan de slach by de plysje, earst as gewoan plysjeman en letter as resjersjeur. Dat wurk hat er oant 1955 dien.

'Plysje 1218'

Yn 1963, flak foar syn dea, hat er tweintich saken opskreaun dêr't yn syn karriêre in soad om te dwaan wie. De typte bledsjes papier binne no bondele yn it boek Het testament van agent 1218. Marten syn pakesizzer Monique Veenstra is útjouwer en sy hat de gearstalling dien en it boek útbrocht.
Memoires fan plysjeman Marten Veenstra yn Amsterdam © Eigen foto
Monique wie noch net berne doe't har pake kaam te ferstjerren. By it útromjen fan it âlderlik hûs fûn se in giele map mei âlde bledsjes. Sy hie gjin idee wat it wie. "Ik ben het gaan lezen en het bleken de notities van mijn opa te zijn uit zijn politie- en recherchetijd."
Ik kon ik niet meer stoppen met lezen. Het is net of je erbij bent.
Monique Veenstra oer de typte bledsjes fan har Fryske pake
Monique wie ûnder de yndruk fan wat sy lies: "Ik kon ik niet meer stoppen met lezen, zo boeiend was het. Het is net of je erbij bent."
Se fûn it sa moai dat der in boek fan komme moast. Dêr soe sy sels foar soargje. "Ik dacht eerst: gewoon voor de familie of zo. Maar toen zei iemand: ik denk dat dit echt een belangrijke vondst is. Ik heb de stoute schoenen aangetrokken en Peter R. de Vries benaderd."

Bydrage fan Peter R. de Vries

Misdiedferslachjouwer Peter R. de Vries hat flak foar syn dea in proeflêzing dien fan it boek. Hy betocht ek de titel en skreau in wiidweidich foaropwurd.
By de presintaasje fan it boek ‘Het testament van agent 1218’ © Albert van Keimpema
Wat makket it boek sa bysûnder? Dat Marten Veenstra holpen hat de Amsterdamske plysje te fernijen en de forinsyske opspoaring te modernisearjen, neffens Monique. Hûndert jier ferlyn diene se noch neat mei DNA en kamera's. Wat telde, wie hoe snoad en tûk oft de resjersjeurs wiene.
Marten wist hiel goed wa't yn syn tiid de topkriminelen wiene. "Hij bracht ze op een bijzondere manier in kaart, zodat op straat gemakkelijker ontdekt kon worden wie bij wie hoorde en wat ze aan het bekokstoven waren."
Marten Veenstra (links) yn undercoverklean © Eigen foto
'Plysje 1218' (op de foto hjirboppe links) hie in kast fol klean om him mei oare klaaiïnge ûnwerkenber te meitsjen: boatwurker, leadjitter, túnman en ek frouljusklean. Fanwege syn fjouwerkante kûten wol mei lange rôk.
Peter R. de Vries en Monique Veenstra mei it orzjineel en it boek © Eigen foto
De offisjele presintaasje wie dan wol tongersdei op Fryske grûn, yn Lauswolt yn Beetstersweach, it boek is al in skoft op de merk. Troch de coronakrisis kaam de presintaasje der net earder fan. Neidat it boek útkaam is, binne der ek dingen bard nei oanlieding fan it boek.

Pakesizzer fan dieder

Sa waard Monique benadere troch in pakesizzer fan ien fan de dieders yn it boek. Dy frou wie der troch dit boek achterkaam hoe't it krekt siet mei de moard. Sy wie der ek by op de boekpresintaasje yn Lauswolt.

Jan Veenstra

Wat ek oan it ljocht kaam, wie dat in famyljelid persoanlik ynspirearre is troch Marten Veenstra. Dy lêste wie al mei pensjoen doe't er prate mei in jonge dy't net wist wat er wurde moast. Syn namme wie Jan Veenstra.
Nei de petearen wist Jan it: ik gean by de plysje. Hy waard resjersjeur en naam nei 40 jier ôfskied fan de plysje. Jan Veenstra wurke krekt as Marten Veenstra by de Amsterdamske plysje en waard letter dosint op de plysje-akademy.

Wessel Veenstra

Jan Veenstra wie ek op de boekpresintaasje yn Beetstersweach oanwêzich, krekt as in oare ferneamde Veenstra dy't resjersjeur waard: Wessel Veenstra.
Hielke de Vries die op de presintaasje in boekje iepen oer de tiid dat Marten Veenstra yn Langsweagen wenne.
Veenstra tekene syn oantinkens op op dizze papieren dy't 60 jier nei dato fûn waarden © Eigen foto
It boek Het testament van agent 1218 falt der sa goed yn dat it opnaam is yn de biblioteek fan de Politieacademie. Der is fierders ek in fytsrûte troch Amsterdam makke by lokaasjes del dy't yn it boek foarkomme.
Monique Veenstra oer de memoires fan har pake
De typte bledsjes fan Marten Veenstra binne no útjûn yn it boek, mar der is folle mear te fertellen. Sy is mei diel 2 oan 'e gong, sa fertelt Monique oan de pleatslike krante yn har wenplak Soest.