Loftspektakel Tol lûkt op earste jûn mear as 20.000 besikers nei Prinsetún

It Flaamske teäterselskip Tol lit Ljouwert dizze dagen dûnsje yn de loft. Op de earste jûn luts it spektakel mear as 20.000 belangstellenden nei de Prinsetún.
Op grutte hichte fiere de artysten it spektakel út © Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
Artysten spilen, dûnsen en songen, hingjend oan grutte kranen op in meter as fjirtich rûnom it stedspark. Fierder wie der noch in kuiertocht mei in parade fan rinnende, fytsende en fleanende ferrassingen.
Artistyk lieder Lotte Seuntjens hope dat de foarstellingen in ferbining tusken publyk, keunstners en de poëtyske wrâld fan Tolworld wurde. "Wij hopen altijd dat mensen geraakt zijn. Dat ze de wereld van Tol als een poëtische wereld ervaren."
Teater Tol is dêryn slagge. "Dit past zo goed bij Leeuwarden. Geweldig."
It Flaamske teäterselskip Tol yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
Oan de Noardersingel gong in parade foarby mei fytsende dûnsers. In oanwennende wie optein oer wat er seach. "Ik vind het fantastisch. Het is echt een evenement dat bij de stad past. Net als de Reuzen. Water en techniek vertellen een verhaal."
It wie nei twa ferfelende jierren ek wol wer ris noflik, sa'n spektakel mei tûzenen minsken. "Dat is zo fijn!"
Neffens de bewenner fan de Noardersingel is it in moai ferfolch op LF2018. "Ik woon hier al vijftien jaar. Er komen steeds meer toeristen."
Cultuur is zo belangrijk, zeker voor een hoofdstad.
In besiker by Tol
Dan wurdt der dûnse yn de loft, de ferklaaide artysten hingje yn kranen. "Prachtig, het mag eindelijk weer. Wat hebben we dit gemist. Cultuur is zo belangrijk, zeker voor een hoofdstad. Kijk eens om je heen, zoveel mensen."
"Ljouwert hat wer wat", fertelde ien fan de besikers. "Kultuer is hiel wichtich. Dit is 'saamhorigheid' en bruorskip."
Tolworld is op 22 en 23 april noch te sjen, fan 20.00 oant 23.00 oere.