Harnzer sjonger Boaz komt mei debútalbum: "Ik wilde altijd entertainen"

Mei syn nije band hat de Harnzer sjonger Boaz de ôfrûne tiid drok dwaande west mei opnamen foar it nije album Keep it simple en de earste single Midnight Train kaam ferline wike út.
Boaz Roelevink is berne yn Frjentsjer, mar ferhuze op jonge leeftiid mei syn famylje nei Kaapstad, dêr't sy sa'n tsien jier wennen. Dêrnei fêstigen sy har yn Harns.

"Ik wil gewoon lekker mezelf blijven"

Thús waard der in ôfgryslik soad country en gospel draaid. Boaz begûn sels mei rappen, mar keas al gau foar it sjongen, wêrby't er himsels begelate op gitaar. "Ik wilde gewoon altijd entertainer worden, het had ook de comedy kant op kunnen gaan."
Mei syn earste gitaar stie Boaz in soad op it poadium mei syn muzykfreon Roel Faber, dy't kargon spile. Yn Harns en omkriten spilen se op safolle mooglik plakken. "We oefenden bij hem in de tuin en dan gingen we 's avonds optreden op straat."
Yn Noardewyn, op moandeis oant en mei freeds te beharkjen fan 18.00 oant 19.00 oere, hat presintator Willem de Vries omtinken foar de Fryske popmuzyk. Geregeld binne bekende artysten te gast en wurde live optredens jûn.
Op syn 17e die Boaz mei oan de talintejacht 'We Want More', dêr't hy yn de finale einige.
Hy moetet nei de finale Maurice van Hoek, dy't him útnûge om ris tegearre in nûmer te skriuwen. Se skreaunen tegearre de nijste single Midnight Train, dy't ferline wike útkaam op Spotify.
Boaz fertelt oer gitaarles
Boaz gie faak mei in nij idee foar in ferske nei Maurice. Dat wurken sy mei-inoar út en sa ûntstie der stadichoan in album.
De opnamen yn de studio wiene binnen in wike klear. Foar Boaz wie dit de earste kear dat er wat opnaam yn in studio. It wie in wike fol emoasjes "Het is een hele ervaring, je zit een week lang in een hok met een groep mensen en je komt er uit als vrienden."
Boaz Roelevink © Omrop Fryslân
Wannear't it nije album krekt útkomt bliuwt noch efkes geheim: "Het moet ook een beetje mysterieus blijven."

De kar fan Boaz

Artyst Nûmer
The Crabb Family Through The Fire
Chris Stapleton More Of You (Tiny Desk Concert)